Robert I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk
wurk
Rigel 68:
 
===De moard of Jan Comyn===
Hoewol't Robert, krektlyk as syn hiele famylje, totaal leaude yn syn eigen rjocht op it Skotske keningskip, waard er yn dy ambysje dwerseide troch twa dingen. Yn it foarste plak hiene syn eigen dieden by in protte Skotten wantrouwen opwekke, mei't er noris foar Skotlân fochten hie, en dan wer miene saak mei de Ingelsen makke hie. Boppedat hied er yn [[JohnJan III Comyn, hear fan Badenoch]], in earsten rivaal. Comyn hie folle risluter as Robert west yn syn stipe foar de Skotske saak, en hy wie besibbe oan withoefolle machtige Skotske eallju, wêrûnder de [[greve]]n fan [[Buchan]], [[Mar (Skotlân)|Mar]], [[Ross (Skotlân)|Ross]], [[Fife (Skotlân)|Fife]], [[Angus (Skotlân)|Angus]], [[Dunbar (Skotlân)|Dunbar]] en [[Strathearn]], de [[hear (aadlike titel)|hearen]] fan [[Kilbride (Skotlân)|Kilbride]], [[Kirkintilloch]], [[Lenzie]], [[Bedrule]] en [[Scraesburgh]] en de ''[[sheriff]]s'' fan [[Banff (Skotlân)|Banff]], [[Dingwall]], [[Wigtown]] en [[Aberdeen]]. Dêropta stamme er oan syn heite kant ôf fan kening [[Donald III fan Skotlân|Donald III]] en oan syn memmekant fan kening [[David I fan Skotlân|David I]], en wied er in omkesizzer fan [[Jan fan Skotlân|Jan fan Balliol]]. Dêrmei hied er nei alle gedachten in bettere oanspraak op 'e Skotske troan as Robert.
 
Neffens it histoaryske [[14e ieu|fjirtjinde-ieuske]] [[epos]] ''Brus'', fan [[John Barbour]], dat ien fan 'e seldsume min ofte mear kontemporêne boarnen oer Robert de Bruce is, tekenen en fersegelen Robert en Jan Comyn yn 'e simmer fan [[1305]] in geheime oerienkomst. Under de betingsten dêrfan joech Comyn syn oanspraken op 'e Skotske troan op yn it foardiel fan Robert, yn ruil foar de ûntfangst fan alle Skotske lânerijen fan it Hûs Bruce yn it gefal dat der op 'e nij in opstân útbrekke soe tsjin 'e Ingelsen. Hoewol't it ûnbekend is oft Barbour de ôfspraken sekuer werjoech, kin it gjin twifel lije dat Edwert I fan Ingelân Robert oppakke litte woe doe't dy letter dat jier oan it Ingelske Hof tahold. Neffens Barbour hie Comyn de geheime oerienkomst oan Edwert ferret, om sa syn rivaal út 'e wei te romjen en sels skjinne hannen te hâlden. Robert syn freon [[Ralf fan Monthermer, 1e baron Monthermer|Ralf fan Montermer]], dy't mei in dochter fan Edwert I troud wie en sadwaande it fertrouwen fan 'e kening hie, stjoerde Robert lykwols tolve [[peinje]]s en in pear [[spoar (hynsteriden)|spoaren]] ta. Robert begriep de wink en pykte mei in skyldfeint by neare nacht út.
Rigel 77:
Sadwaande spriek Robert noch yn 'e kapel foar syn neiste folgelingen, dy't er dêr by him hie, syn bedoeling út om 'e Skotske troan op te easkjen. Doe't se nei bûten giene, dêr't de folle gruttere eskortes fan himsels en Comyn it oerlis noch altyd ôfwachten, waarden troch beide partijen de swurden lutsen, en feroare it [[tsjerkhôf]] fan Dumfries yn in slachfjild dêr't Robert-en-dy de oerwinning behellen. Fuort dêrnei rieden se nei it Kastiel fan Dumfries, dêr't se it Ingelske garnizoen ta oerjefte twongen. Ut Dumfries wei hastige Robert him nei [[Glasgow]], dêr't er by biskop Wishart oangeande de moard en de ûntwijing fan 'e kapel te [[bycht]] gie en absolúsje krige. Wishart rôp de [[geastlikheid]] yn hiel Skotlân op om Robert te stypjen, mar doe't [[paus]] [[Klemins V]] fan it barren yn 'e ''Greyfriars Kirk'' hearde, [[ekskommunikaasje|ekskommunisearre]] er Robert dêrfoar.
[[File:Robert_The_Bruce_Crowned_King_of_Scots.jpg|right|thumb|250px|Robert de Bruce ta [[kening]] fan [[Skotlân]] kroane troch [[Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan|Isabella MacDuff]] (modern tablo yn it Kastiel fan Edinburch).]]
 
===Oarloch om 'e troan===
Op [[25 maart]] [[1306]], seis wiken nei de moard op Comyn, liet Robert him yn [[Scone (Skotlân)|Scone]], by [[Perth (Skotlân)|Perth]], troch biskop [[William Lamberton]] fan [[St. Andrews]] kroane ta kening fan Skotlân. Dat waard dien mei alle byhearrende pracht en preal, en yn it keningsklaad dat [[Robert Wishart]] foar de Ingelsen ferburgen holden hie. Oanwêzich wiene de biskoppen fan [[Glasgow]] en [[Moray]] en de greven fan [[Jan fan Strathbogie, greve of Atholl|Atholl]], [[Alan I, greve fan Menteith|Menteith]], [[Malcolm II, greve fan Lennox|Lennox]] en [[Domhnall II, greve fan Mar|Mar]]. De oare deis arrivearre [[Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan|Isabella MacDuff]], de frou fan [[Jan Comyn, 3e greve fan Buchan|Jan Comyn, greve fan Buchan]] (in neef fan 'e fermoarde Jan Comyn), dy't it rjocht fan har famylje, de [[Klan MacDuff|MacDuff]]-greven fan [[Fife (Skotlân)|Fife]], opeaske om 'e Skotske kening te kroanjen, út namme fan har broer, [[Donnchadh IV, greve fan Fife|Donnchadh IV]], dy't minderjierrich en yn Ingelske hannen wie. Sadwaande waard kroaningsseremoanje doe nochris oerdien.
 
Yn [[juny]] [[1306]] waard Robert ferslein yn 'e [[Slach by Methven]], en yn [[augustus]] kamen de Ingelsen him oer it mad te [[Strathfillan]], dêr't er beskûl socht hie, en moast er halje-trawalje flechtsje. Syn frou en dochters en de oare froulju fan syn selskip stjoerde er doe ûnder de beskerming fan syn broer [[Neil Bruce|Neil]] en [[Jan fan Strathbogie, greve of Atholl]], nei [[Kildrummy]], wylst er sels ûndergrûnsk gie mei syn meast fertroude folgelingen, wêrûnder syn bruorren [[Tomas Bruce|Tomas]], [[Aleksander Bruce|Aleksander]] en [[Edwert Bruce|Edwert]], [[James Douglas, hear fan Douglas|James Douglas]] (better bekend as de Swarte Douglas), [[Gilbert Hay (konstabel)|Gilbert Hay]], [[Niall mac Cailean|Neil Campbell]] en [[Malcolm II, greve fan Lennox]].
 
Yn 'e [[maityd]] fan [[1307]] late Edwert I fannijs in kampanje yn Skotlân. Hy besette Annandale, Carrick en de lânerijen fan Robert syn folgelingen, en skonk dy oan syn eigen oanhingers. Robert syn frou Elizabeth fan Burgh, syn dochter Marjorie, syn susters [[Kristina Bruce|Kristina]] en [[Marije Bruce|Marije]] en Isabella MacDuff waarden nei ferrie troch [[Willem II, greve fan Ross]], yn [[Tain]] finzen nommen en útsûnderlike ûnmeilydsum behannele. Dat wie benammen it gefal mei Marije Bruce en Isabella MacDuff, dy't op it binnenplak fan 'e kastielen fan [[Roxburgh]], resp. [[Berwick-upon-Tweed]] yn 'e iepen loft yn koaien ophongen waarden en sa de folgjende fjouwer jier trochbrochten. Ek Robert syn broer Neil krigen de Ingelsen yn Tain te pakken, en dy waard terjochtsteld. Koarte tiid letter, op [[7 july]], stoar Edwert I sels ek, en liet er de oarloch tsjin Robert de Bruce oer oan syn folle minder krêftdiedige soan [[Edwert II fan Ingelân|Edwert II]].
[[File:War of Independence figures by Wm Hole.JPG|left|thumb|250px|In [[Fiktoriaanske Tiid|fiktoriaansk]] groepsportret fan 'e [[Skotlân|Skotske]] lieders yn 'e Unôfhinklikheids-oarloggen: Robert de Bruce is de 3e f. rj., mei de reade liuw op it boarst; l. fan Bruce de [[Jakobus Douglas, hear fan Douglas|Swarte Douglas]]; rj. fan Bruce [[Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan]]; en rj. fan har [[William Wallace]].]]
 
It is noch altyd ûnwis wêr't Robert de winter fan [[1306]] op [[1307]] trochbrocht. It wierskynlikst is dat er syn taflecht socht hie op 'e [[Hebriden]], dêr't er mooglik beskûl krige by [[Kristina fan Garmoran]]. Oare serieuze mooglikheden binne dat er yn [[Ierlân]] siet, mooglik by syn skoanfamylje yn [[Ulster (keninkryk)|Ulster]], of op 'e [[Orkney-eilannen]], dy't doedestiden noch ûnder [[Noarwegen|Noarsk]] bestjoer stiene. Unwierskynliker, mar net ûnmooglik, is dat er de winter trochbrocht yn [[Noarwegen]] sels, dêr't syn suster [[Isabella Bruce|Isabella]] keninginne-dûairiêre wie.
 
Hoe dan ek, yn [[febrewaris]] [[1306]] kearden Robert-en-dy yn twa groepkes werom nei it Skotske fêstelân. Ien legerke, ûnder lieding fan himsels en syn broer Edwert, gie oan lân by it Kastiel fan Turnberry en sette yn [[Galloway]] útein mei in [[guerrilla-oarloch]]. It oare legerke, mei oan it befel Robert syn bruorren Tomas en Aleksander, kaam súdliker oan lân, by [[Loch Ryan]], dêr't hja lykwols al rillegau ynsletten, oppakt en eksekutearre waarden. Yn [[april]] behelle Robert in lytse oerwinning yn 'e [[Slach by Glen Trool]], en koart dêrnei fersloech er [[Aymer fan Valence, 2e greve fan Pembroke]], in favoryt fan Edwert I, yn 'e [[Slach by Loudoun Hill]]. Yn dyselde snuorje sette de Swarte Douglas útein mei syn eigen ferneamde guerrilla-oarloch yn súdwestlik Skotlân, wêrby't er syn eigen (troch de fijân besette) kastiel yn [[Douglasdale]] oanfoel en platbaarnde.
 
Nei de oerwinning by Loudoun Hill joech Robert syn broer Edwert it befel oer de opstân yn Galloway, en sette doe sels ôf nei it noarden, dêr't er de kastielen fan [[Inverlochy]] en [[Urquhart (Skotlân)|Urquhart]] ynnaam, de kastielen fan [[Inverness]] en [[Nairn]] platbaarnde en doe in mislearre wraam op [[Elgin (Skotlân)|Elgin]] die. Yn it neijier fan [[1307]] befûn Robert him yn [[Aberdeenshire]], oan 'e Skotske noardeastkust, dêr't er [[Banff (Skotlân)|Banff]] bedrige en doe slim siik rekke, mar meitiid wer opbettere. Hy liet Jan Comyn, greve fan Buchan, ûnferslein efter him gewurde, wylst er nei it westen ta sette om 'e kastielen fan [[Balvenie]] en [[Duffus]] te feroverjen en doe dat fan [[Tarradale]], op it [[Swarte Eilân (Skotlân)|Swarte Eilân]]. Mei in omwei fia Inverness en in twadde mislearre wraam op Elgin kearde er doe begjin [[1308]] wer yn it noardeasten werom, dêr't er yn [[maaie]] yn 'e [[Slach by Inverurie (1308)|Slach by Inverurie]] einlings ôfweefde mei de greve fan Buchan. Dêrnei naam er Buchan sels yn en fersloech er it Ingelske garnizoen fan [[Aberdeen]].
 
Ien fan syn minder fraaie episoaden folge op 'e ferovering fan it noardeasten, doe't Robert de Bruce it befel joech ta de [[Ferwuostging fan Buchan]], om der wis fan te wêzen dat alle Comyns útrûge en harren oanhing yn bloed smoard waarden. Dy praktyk omfette net inkeld Buchan sels, mar hast alle Comyn-kastielen yn Moray, Aberdeenshire en it greefskip Buchan. Dêrmei ferneatige Robert foargoed de frijwol ûnbegrinzge macht dy't it Hûs Comyn mear as hûndertfyftich jier lang oer grutte dielen fan it noarden en noardeasten fan Skotlân útoefene hie. Neitiid sette Robert ôf nei [[Argyll]], oan 'e Skotske westkust, dêr't er de [[Klan MacDougall]], trouwe bûnsgenoaten fan 'e Comyns, fersloech yn 'e [[Slach yn 'e Pas fan Brander]], wêrnei't er it Kastiel fan [[Dunstaffnage]] ynnaam, it lêst oerbleaune Comyn-bolwurk.
[[File:MK18541_Bannockburn_Robert_the_Bruce.jpg|right|thumb|220px|It stânbyld fan Robert I fan Skotlân op it slachfjild fan [[Slach by Bannockburn|Bannockburn]].]]
 
Yn [[maart]] [[1309]] rôp Robert foar it earst in parlemint gear te [[St. Andrews]], en tsjin [[augustus]] fan dat jier behearske er hiel Skotlân benoarden de [[rivier]] de [[Tay (rivier)|Tay]]. Yn [[1310]] waard er troch de hiele Skotske geastlikheid as kening erkend, nettsjinsteande it feit dat er feitliks noch altyd ekskommunisearre wie. Dy kar fan 'e [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Tsjerke]] wie fan grut polityk belang, mei't in foech oanpart fan 'e Skotske befolking syn stipe ôfhingje liet fan wat de geastlikheid sei. Yn 'e folgjende trije jier ferovere Robert it iene nei it oare Ingelske garnizoensplak, lykas [[Linlithgow]] yn [[1310]], [[Dumbarton]] yn [[1311]] en [[Perth (Skotlân)|Perth]] yn [[jannewaris]] [[1312]]. Yn dyselde snuorje fierde er ek plondertochten út yn noardlik Ingelân, en yn [[1313]] lâne er mei in leger op it strategysk wichtige eilân [[Man (eilân)|Man]], yn 'e [[Ierske See]], dêr't er letter dat jier [[Castletown]] ynnaam en yn [[1314]] de rest fan it eilân ferovere.
 
Yn it foarjier fan [[1314]] sloech Edwert Bruce mei in leger belis foar it Kastiel fan [[Stirling (Skotlân)|Stirling]]. De kastlein, [[Filips fan Mowbray]], stimde deryn ta om dy fêsting oer te jaan as er foàr [[24 juny]] net ûntset wie. Underwilens ferovere de Swarte Douglas yn [[maart]] fan dat jier [[Roxburgh]], wylst [[Tomas Randolph, 1e greve fan Moray|Tomas Randolph, greve fan Moray]], it Kastiel fan [[Edinburch]] ynnaam. Doe't Edwert II fan Ingelân letter dat jier persoanlik in leger nei Skotlân ta late om Stirling te ûntsetten, waard er yn 'e ferneamde [[Slach by Bannockburn]] beslissend ferslein troch in Skotsk leger ûnder lieding fan Robert de Bruce, in oerwinning wêrmei't de Skotske ûnôfhinklikheid foar krapoan trijehûndert jier (oant [[1603]]) feilichsteld waard.