Robert I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk
wurk
Rigel 109:
===Diplomatike súksessen===
Under it regear fan Robert de Bruce waard yn [[1320]] de [[Ferklearring fan Arbroath]] ôfkundigje, wrâlds earste dokumintearre ûnôfhinklikheidsferklearring. Dêrfoar wist Robert úteinlik de de stipe te winnen fan [[paus]] [[Jehannes XXII]], dy't yn [[1328]] syn ekskommunikaasje ynloek. Fan gefolgen moast doe ek de Ingelske Kroan him tsjin heuch en meuch yn by in selsstannich Skotlân dellizze. Yn [[maaie]] [[1328]] tekene kening [[Edwert III fan Ingelân]] einlings en te'n lêsten it [[Ferdrach fan Edinburch-Northampton]], wêryn't Skotlân erkend waard as in ûnôfhinklik lân mei Robert de Bruce as kening.
 
===Ferstjerren===
Underwilens wie Robert yn 'e minnichte rekke troch in sykte dêr't er teminsten sûnt [[1327]] al oan litte. Neffens guon kontemporêne, mar útlânske boarnen (de [[Kronyk fan Lanercost]] en de ''[[Scalacronica]]'') soed er mei [[lepra]] oanhelle rekke wêze, mar dat liket ûnwierskynlik, mei't gjin inkele Skotske boarne dy sykte neamt en der ek gjin inkeld bewiis is dat de kening by syn neiste famylje, freonen, hôvelingen of bûtenlânske [[diplomaat|diplomaten]] weiholden waard (wat doedestiden de iennichste wize wie dat besmetting mei lepra foarkomd wurde koe). Boppedat betsjut de [[Midsieuwen|Midsieuske]] ûnkunde op it mêd fan krupsjes, dat eltse [[hûd]]sykte wol foar lepra holden wurde koe. Moderne [[skiedkundige|histoarisy]] binne sadwaande fan betinken dat it folle wierskynliker is dat Robert litte oan [[tuberkuloaze]], [[syfilis]], in [[senuw]]sykte of in rige [[oerhaal|oerhalen]].
 
Mar wat syn oandwaning ek west hawwe mei, tsjin mids [[1329]] lei Robert yn it stjerren. Neffens Barbour rôp er doe de geastlikheid en adel fan Skotlân by him foar in lêste gearkomste, wêryn't er rynske jeften oan ferskate [[kleaster]]s die, dat dêr nei syn ferstjerren foar syn [[siel]] bidden wurde soe, en teffens om blyk te jaan fan syn berou oer in ûnferfolle eed om op [[krústocht]] te gean. Syn lêste winsk wie dat nei syn dea syn [[hert]] út syn lichem snien wurde soe en dat dat meinommen wurde soe nei de [[Bertetsjerke]] yn [[Jeruzalim]] foar't it wer thúsbrocht wurde soe yn Skotlân. Net lang nei dy gearkomste, op [[7 juny]] [[1329]], ferstoar Robert de Bruce yn 'e âlderdom fan 54 jier yn syn slot Cardross, deunby [[Dumbarton]]. Hy waard opfolge troch syn doe fiifjierrige soan [[David II fan Skotlân|David II]], foar wa't syn freon [[Tomas Randolph, 1e greve fan Moray|Tomas Randolph, greve fan Moray]], as regint fungearje soe.
 
===Neisleep===
====It lichem====
It lichem fan Robert de Bruce waard nei syn dea [[balseming|balseme]], en syn [[boarstbonke]] waard midstwa seage sadat syn [[hert]] út syn [[boarstholte]] helle wurde koe. Neitiid waard it lichem yn 'e [[Abdij fan Dunfermline]] njonken syn earste frou byset ûnder it heechalter. Troch lettere ferbouwings en reorganisaasjes fan 'e [[abdij]] gie it plak fan it keninklike grêf lykwols ferlern. Mar doe't fiifhûndert jier letter in nij [[koar (arsjitektuer)|koar]] oan it gebou fêstboud wurde moast, ûntdieken wurklju op [[17 febrewaris]] [[1818]] in ûnbekende grêftombe, mei dêryn de restanten fan in [[iik|ikehouten]]e [[deakiste]] mei in stoflik omskot dat hielendal beklaaid wie mei twa lagen fan 5 mm tsjûk [[lead (metaal)|lead]]. Boppe de holle wie dat lead bewurke yn 'e foarm fan in kroan. Men kaam ta de konklúzje dat it grêf fan Robert de Bruce weromfûn wie.
[[File:Dunfermline_Abbey_tower.jpg|right|thumb|260px|De Abdij fan Dunfermline, dêr't Robert I fan Skotlân begroeven leit.]]
 
Nei't de ferbouwing fan 'e abdij foltôge wie, waard it stoflik omskot op [[5 novimber]] [[1819]] fierder ûndersocht [[anatoom|anatomen]] fan 'e [[Universiteit fan Edinburch]]. Dêrby seach men dat de boarstbonke fan it [[skelet]] yn 'e lingterjochting trochseage wie, wat bewiisde dat it yndie om Robert de Bruce gie. Fierders waard û.m. fêststeld dat Robert by syn dea 1.80 m lang west hie, en nei't men oannimme mocht as jongeman noch langer, wat útsûnderlik wie foar immen út 'e [[fjirtjinde ieu]]. Fuort neitiid waard it [[skelet]] fan 'e kening boppe-op in nije leadene deakiste lein om koarte tiid besichtige te wurden troch in grutte skare nijsgjirrigen dy't by de abdij gearklofte wie. Nei't it skynt waarden der doe ferskate lytsere lichemsdielen ([[tosk]]en en [[finger]]bonkjes) ûntfrjemde, nei't men oannimme mei om 'e dieven ta [[relikwy]] te tsjinjen. Dyselde deis noch waard it stoflik omskot yn 'e leadene deakiste lein, wêrnei't dêr in grutte hoemannichte raande [[pik (stof)|pik]] by yn getten waard (om 'e [[bonke]]n te preservearjen), foar't de kiste fersegele waard. Dêrnei waard de kening werbegroeven yn 'e Abdij fan Dunfermline, dêr't er noch altyd leit.