Praatprogramma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nedige side
 
L red
 
Rigel 1:
In '''praatprogramma''', ek wol oantsjut mei de [[Ingelsk]]e term '''talkshow''', is in [[tillefyzje]]- of (minder faak) [[radio]]programma, wêrby't it haadoandiel út praten bestiet. Ornaris hat dêrby de [[presintator]] fan it oangeande programma yn 'e studio ien of mear persoanen te gast, mei wa't hy of sy efterinoar of soms ek trochinoarhinne in fraachpetear oangiet.
 
Der besteane ferskillende subsjenres fan it praatprogramma. Ien fan 'e bekendsten dêrfan is dy dy't poer oan it nijs of de aktualiteit wijd is, en dy't sadwaande faak tige earnstich fan toan is (bgl. ''Pauw'' of ''Het CapitoolBuitenhof''). Oare praatprogramma's geane oer in beskaat ûnderwerp, lykas [[sport]] (''Voetbal Inside''), sûnens (''Dr. Phil''), it sakelibben (''Business Class'') of dingen dy't taspitst op in froulik publyk (''Oprah'', ''Koffietijd''). Wer oare praatprogramma's binne humoristysk fan toan (''Jensen'', ''Late Night with Jimmy Fallon''), wêrby't it faak suver de bedoeling liket om safolle mooglik fragen sa ad rem mooglik te beäntwurdzjen, ek al is dêrtroch de eigentlike ynformaasje-oerdracht frijwol nihyl.
 
By in protte [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] praatprogramma's hat de presintator in assinstint, de [[ko-presintator]], dy't yn it [[Ingelsk]] faak as ''sidekick'' oantsjut wurdt.