Robert I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 45:
Oer Robert syn jonkheid is suver neat bekend. Nei alle gedachten waard er grutbrocht yn in ferminging fan 'e [[Anglo-Normandysk]]e [[kultuer]] fan 'e [[adel|aadlike]] fermiddens fan noardlik Ingelân en súdeastlike Skotlân, dêr't syn heite famylje ta hearde, en de [[Gaelen|Gaelyske]] [[kultuer]] fan súdwestlik Skotlân dêr't syn memme famylje út fuortkaam. Yn it doedestiden [[Skotsk-Gaelysk]]talige Carrick en Annandale soe Robert wierskynlik trijetalich grutbrocht wêze, sadat er like floeiend [[Normandje|Normandysk]]-[[Frânsk]], [[Skotsk-Gaelysk]] as [[Skotsk]] spriek. Robert hie njoggen bruorren en susters, en it is goed mooglik dat hy en syn broer [[Edwert fan Bruce|Edwert]] in diel fan harren jonkheid as pleechbern troch oare aadlike famyljes grutbrocht binne, sa't wenst wie ûnder de âlde Gaelyske adel.
 
Nei it ferstjerren fan kening [[Aleksander III fan Skotlân|Aleksander III]] yn [[1286]], fjouwer jier letter folge troch de dea fan syn iennichste erfgenamte, syn pakesizzer [[Margareta fan Skotlân|Margareta]], byneamd de Faam fan Noarwegen, ûntstie der in krisis yn Skotlân wêrby't de troan foarearst leech bleau. Robert wie doedestiden sechstjin jier, âldernôch om him bewust te wêzen fan 'e wichtigens fan sokke foarfallen, yn 't bysûnder mei it each op 'e eigen keninklike konneksje fan syn famylje. Om dyselde tiid hinne waard er ta [[ridder]] slein, en twa jier letter, yn [[1292]], kaam syn mem ûntidich te ferstjerren. Datselde jiers besleat [[Edwert I fan Ingelân]], dy't him op fersyk fan 'e saneamde [[beskermhear fan Skotlân|beskermhearen fan Skotlân]] oer de saak bûgd hie, dat de Skotske troan oan [[Jan fan Skotlân|Jan fan Balliol]] jûn wurde moast, dat in efterneef fan Robert syn pake oan heitekant wie. Syn pake, [[Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale]], joech suver fuort dêrnei net inkeld syn oanspraak op 'e Skotske troan, mar ek syn hearskippij oer Annandale op, mooglik sadat er net trou hoegde te swarren oan syn efterneef. Sadwaande waard Robert syn heit, [[Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale]] doe regearjend hear oer Annandale, en joech er syn regear oer Carrick, it greefskip fan syn frou, op, dat doe oan 'e jonge Robert tafoel.
 
By de kroaning fan Jan fan Skotlân, te [[Berwick-upon-Tweed]], twong Edwert fan Ingelân lykwols foar himsels erkenning ôf as "alderheechste hear" (''Lord Paramount'') fan Skotlân, wat derop delkaam dat hy tenei de [[lienhear]] fan 'e kening fan Skotlân wie. Om't Robert syn pake en heit har eigen oanspraak op it keningskip as de iennichste jildige beskôgen en Jan fan Balliol as in [[usurpator]] seagen, dy't ûnrjochtlik de Skotske troan beset hold, stipen de leden fan it Hûs Bruce Edwert by it ûndergraven fan it gesach fan 'e nije kening. Jan wie dêrtroch twongen om him, ta argewaasje fan 'e measte Skotten, wat langer wat mear as in [[lienman|fazal]] fan 'e Ingelske kening te hâlden en dragen.