Robert I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 103:
Yn [[maart]] [[1309]] rôp Robert foar it earst in parlemint gear te [[St. Andrews]], en tsjin [[augustus]] fan dat jier behearske er hiel Skotlân benoarden de [[rivier]] de [[Tay (rivier)|Tay]]. Yn [[1310]] waard er troch de hiele Skotske geastlikheid as kening erkend, nettsjinsteande it feit dat er feitliks noch altyd ekskommunisearre wie. Dy kar fan 'e [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Tsjerke]] wie fan grut polityk belang, mei't in foech oanpart fan 'e Skotske befolking syn stipe ôfhingje liet fan wat de geastlikheid sei. Yn 'e folgjende trije jier ferovere Robert it iene nei it oare Ingelske garnizoensplak, lykas [[Linlithgow]] yn [[1310]], [[Dumbarton]] yn [[1311]] en [[Perth (Skotlân)|Perth]] yn [[jannewaris]] [[1312]]. Yn dyselde snuorje fierde er ek plondertochten út yn noardlik Ingelân, en yn [[1313]] lâne er mei in leger op it strategysk wichtige eilân [[Man (eilân)|Man]], yn 'e [[Ierske See]], dêr't er letter dat jier [[Castletown]] ynnaam en yn [[1314]] de rest fan it eilân ferovere.
 
Yn it foarjier fan [[1314]] sloech Edwert fan Bruce mei in leger belis foar it [[Kastiel fan [[Stirling (Skotlân)|Stirling]]. De kastlein, [[Filips fan Mowbray]], stimde deryn ta om dy fêsting oer te jaan as er foàr [[24 juny]] net ûntset wie. Underwilens ferovere de Swarte Douglas yn [[maart]] fan dat jier [[Roxburgh]], wylst [[Tomas Randolph, 1e greve fan Moray|Tomas Randolph, greve fan Moray]], it [[Kastiel fan [[Edinburch]] ynnaam. Doe't Edwert II fan Ingelân letter dat jier persoanlik in leger nei Skotlân ta late om Stirling te ûntsetten, waard er yn 'e ferneamde [[Slach by Bannockburn]] beslissend ferslein troch in Skotsk leger ûnder lieding fan Robert de Bruce, in oerwinning wêrmei't de Skotske ûnôfhinklikheid foar krapoan trijehûndert jier (oant [[1603]]) feilichsteld waard.
 
===Fierdere oarloggen===