Kahoölawe: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 12:
[[File:Aerial-Makena-Molokini-Kahoolawe.jpg|right|thumb|250px|Kahoölawe (yn 'e fierte) sjoen fanôf [[Maui]].]]
 
Fan [[1778]] ôf, doe't de earste [[Jeropa|Jeropeeske]] [[ûntdekkingsreizger]]s de [[Hawaï-eilannen]] [[ûntdekking fan Hawaï|besochten]], waard Kahoölawe beskreaun as in ûnbewenne en ûnfruchtbere woastenije, dêr't gjin [[beam]]men groeiden noch [[wetter|drinkwetter]] te finen wie. Nei't yn [[1795]] de hiele arsjipel ûnder de hearskippij fan [[Kamehameha de Grutte]] feriene wie ta it [[Keninkryk Hawaï]], en [[sindeling]]en út [[Nij-Ingelân]] wei Westerske ideeën op 'e eilannen yntrodusearren, waard Kahoölawe omtrint [[1830]] ûnder it regear fan kening [[Kamehameha III]] ta in [[strafkoloanje]] foar manlju makke. Dizze ferballing nei in ûnherberchsum oard waard op oanstean fan 'e sindelingen ynfierd ta ferfanging fan 'e [[deastraf]]. It is mar de fraach oft de ballingen it wol in ferbettering fûnen, mei't it sizzen is dat guon fan harren op Kahoölawe ferhongeren, wylst oaren sa wanhopich wiene dat se it 11 km brede [[ʻAlalākeiki-kanaal]] nei Maui oerswommen om oan iten te kommen. Yn [[1853]] waard de strafkoloanje opheft. Yn [[1857]] hie Kahoölawe likernôch 50 bewenners, dy't mei [[oerbeweiding]] troch harren [[fee]] de desolaasje fan it eilân noch helte minder makken.
 
Nei't de [[Hawaï-eilannen]] yn [[1898]] [[Amerikaanske anneksaasje fan Hawaï|anneksearre wiene]] troch de [[Feriene Steaten]], waard Kahoölawe fan [[1910]] oant [[1918]] ta in wâldreservaat makke, yn 'e hope dat troch it fuortheljen fan it weidfee de natuerlike [[floara]] fan it eilân der wer boppe-op komme soe. Doe't der gjin tekens wiene dat dat barre soe, waard Kahoölawe yn [[1918]] ferpachte oan 'e [[fee]]boer [[Angus MacPhee]] út [[Wyoming]], dy't der (fanwegen de hieltyd weromkearende [[drûchte]]n) mei mar midsmjittich súkses in [[fee]]pleats begûn. Yn [[1941]] beëinige MacPhee syn bemuoienissen mei it eilân en waard de pacht oernommen troch de [[Amerikaanske Striidkrêften]].