Arapaho (folk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 58:
[[File:Chief Black Coal - An Arapaho Chief.jpg|left|thumb|200px|Opperhaad [[Swarte Koallen]], dy't syn folk foar in grut part bûten de [[Grutte Sû-Oarloch fan 1876]] wist te hâlden.]]
 
Yn [[1876]]-[[1877]] waard op 'e noardlike flakten noch de [[Grutte Sû-Oarloch fan 1876]] útfochten, mar de dielname fan 'e Noardlike Arapaho dêroan wie net grut. Dat wie benammentlik te tankjen (of te witen) oan opperhaden lykas [[Swarte Koallen]], dy't ûnder eagen sjoen hie dat de ûngelikense striid tsjin 'e blanken net mei de wapens wûn wurde koe, en dêrom út alle macht besocht om it de Arapaho-krigers te ûntpraten om har yn dit konflikt wer by har Sjajinske en Lakota-bûnsmaten fan âlds te jaan. It meast ferneamde en teffens wichtichste treffen fan 'e Grutte Sû-Oarloch wie de [[Slach oan de Little Bighorn]], wêrby't de Yndianen it Amerikaanske 7de Kavaleryregimint fan generaal [[George Armstrong Custer]] fierhinne ferdylgen.

Yn dy slach fochten neffens ien ferhaal mar fiif Arapaho-krigers mei, te witten de Noardlike Arapaho Giele Earn, Giele Mich, Lofterhân en Wetterman en de Súdlike Arapaho Wolwittende Man (ek wol bekend as Grien Gers). Hja wiene der fiifresom op útgien om 'e Sjosjoanen te oerfallen, mar waarden finzen nommen troch in grutte groep Lakota, dy't har foar ferkenners fan it Amerikaanske leger holden. It Sjajinske opperhaad [[Twa Moannen]] koe har lykwols werom, sadat se wer frijlitten waarden. Dy nacht bleaune se oer yn it grutte doarp fan 'e Lakota en de Noardlike Sjajinnen oan 'e [[Little Bighorn (rivier)|Little Bighorn]], dat de oare deis ûnferwachts oanfallen waard troch Custer en syn troepen. En sa fochten dy fiif mannen doe mei, wêrby't Wetterman nei eigen sizzen sa foaroan wie yn 'e striid dat er Custer stjerren seach. Nei't it skynt skeat Lofterhân yn 'e striid by fersin in Lakota dea dy't er oanseach foar in [[Arikara (folk)|Arikara]]-ferkenner fan it Amerikaanske leger, wat de relaasjes tusken de fiif Arapaho en har gasthearen gjin goed die. Nei ôfrin fan 'e slach waarden se dêrom mar stil wei en kearden se werom nei har eigen folk by [[Fort Robinson]], yn [[Nebraska]]. Neffens in oar ferslach focht der teminsten noch ien oare Arapaho mei yn 'e Slach oan de Little Bighorn, nammentlik it froulike kriichsopperhaad [[Tsjeppe Noas]].
[[File:Arapaho camp with buffalo meat drying near Fort Dodge, Kansas.jpg|250px|right|thumb|In [[19e ieu|njoggentjinde-ieusk]] Arapaho-kamp mei drûgjend [[Amerikaanske bizon|bizon]]fleis.]]
 
Nei ôfrin fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, doe't de Noardlike Arapaho al har lân oan kolonisaasje troch de blanken ferlearen, waarden se by de [[Eastlike Sjosjoanen]] yn it [[Wind River Yndianereservaat]] fan [[Wyoming]] pleatst. De Súdlike Arapaho hiene al yn [[1867]] mei de [[Súdlike Sjajinnen]] in [[Yndianereservaat|reservaat]] krigen yn westlik [[Oklahoma]], it [[Sjajinne en Arapaho Yndianereservaat]], dat se dielden mei de [[Súdlike Sjajinnen]]. Under de [[Wet-Dawes]] waard yn [[1892]] lykwols alle reservaatlân dat net yndividueel eigendom wie, frijjûn foar [[kolonisaasje]] troch de blanken. Mei de [[Wet-Curtis fan 1898]] waarden alle Yndiaanske regearings yn Oklahoma opheft foarôfgeande oan it opnimmen yn 'e Amerikaanske Uny fan dat gebiet as in folweardige steat. Offisjeel hiet it dat Oklahoma oars sa'n soad reservaten hawwe soe, dat it ûnregearber wurde soe, mar eins wie it in ordinêr besykjen om 'e Yndianen te assimilearjen.

Yn 'e [[tweintichste ieu]] kaam [[Washington, D.C.|Washington]] werom fan dat belied, mar tsjin dy tiid wie Oklahoma al in soevereine steat, en koe it nasjonaal regear Oklahoma net mear twinge om dy soevereiniteit werom te jaan oan 'e Yndianen. Likegoed besocht men manearen te finen om it wer wat goed te meitsjen, en in wichtige stap op dy wei wie it oannimmen fan 'e [[Oklahoma-Yndiaanske Wolwêzenswet]] fan [[1936]], dy't it begryp "eardere Yndiaanske reservaten yn Oklahoma" as in juridyske term yntrodusearre. Oan dy gebieten waarden tenei beskate foardielen takend dy't ek oan noch besteande reservaten tafoelen. As gefolch fan dizze wet koe yn [[1937]] de [[Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma]] oprjochte wurde, sûnder reservaat, mar mei as juridyske lânbasis it eardere Sjajinne- en Arapaho-reservaat. Underwilens wie yn [[1906]], op lêst fan it [[Amerikaansk Kongres|Amerikaanske Kongres]], in diel fan it Wind River Reservaat ôfpakt foar blanke kolonisaasje, en dêr ûntjoech him it stedsje [[Riverton (Wyoming)|Riverton]]. Mear as in ieu hold de tsierderij oer de status fan dat gebiet oan, oant yn desimber [[2013]] it [[Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken]], yn gearwurking mei beskate oare oerheidsorganen, kedize dat Riverton ûnderdiel fan it reservaat foarme (yn [[2014]] focht de steat Wyoming dit beslút by de [[rjochter]] oan).
 
==Taal==