Siuwsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
L Yn 'e Wâlden moved page Sieusk to Siuwsk
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Nederlands-zeeuws.png|thumb|right|300px|''Ferspriedingsgebiet'']]
It '''SieuskSiuwsk''' ([[Nije stavering 2015]]) is in Friso-Frankyske streektaal. Mei it West- en Frânsk-Flaamsk foarmet it in apart kluster súdwest-Nederlânske dialekten. [[Jakob fan Maerlant]] ûnderskiede al in tal selsstannige 'Dietse' (streek-)talen en it SieuskSiuwsk is dêr ien fan, sa’t bliken docht út ûnder mear de prolooch fan syn Sinte Fransiscus Leven:<br />
 
''Men moet om de rime te souken''<br />
Rigel 9:
(Misselike tonghe = ferskate talen)
 
SieuskSiuwsk waard doe dus stavere as 'Zee(u)s(ch)' en wie as begryp gongber as oantsjutting fan de taal fan de Flaamske kust. Dêrûnder ferstie men oant sawat begjin [[15e ieu]] it hiele eilânrike kustgebiet fan Oostvoorne oant foarby [[Duinkerken]].
Tsjintwurdich, no’t streektalen en minderheidstalen folop yn de belangstelling stean, binne hieltiten mear minsken fan miening, dat it SieuskSiuwsk, krekt as it [[Nedersaksysk]] en it [[Limburchsk]], as selsstannige streektaal erkend wurde moatte soe. It Jeropeesk Hânfêst foar Streek- of Minderheidstalen jout dêr mear as genôch mooglikheden foar. Op provinsjaal nivo wurdt dêroer sûnt koarten oerlis fierd. De fraach dy’t dêrby fansels opkomt, is oft dy erkenning ek foar it Frânsk- en West-Flaamsk jilde moatte soe. Belgje en Frankryk hawwe it niisneamde hânfêst lykwols net ûndertekene, al soe Frankryk op it punt stean dat no wol te dwaan. Der is oerlis tusken Seelân en Frânsk-Flaanderen.
 
== Regiolekten en skaaimerken ==
It SieuskSiuwsk is ûnder te ferdielen yn in tal dialektgroepen of regiolekten: Svores (Oostvoorne en omkriten), Goereês, Flakkees, Fluplands (St. Philipslands), Thools, Schouws, Duvelands, Noord-Bevelands, Zuud-Bevelands, Walchers, West-Zeêuws-Vlaoms (of Cezands) en Land-van-Axels. Dêrnjonken is it SieuskSiuwsk nau besibbe oan it West-Flaamsk.
De dialekten fan it Land van Hulst, it eastlikste diel fan SieuskSiuwsk Flaanderen, en in tal SieuskSiuwsk-Flaamske grinsdoarpkes binne gjin SieuskeSiuwske, mar east-Flaamske (dus Frankyske) dialekten.
Binnen de ferskate regiolekten hawwe de measte plakken in eigen dialekt. Mar hieltyd mear fan dy pleatslike dialekten ferflakje. Meastal binne allinnich de dialekten fan 'sletten' mienskippen noch dúdlik fan de dialekten fan omlizzende plakken te ûnderskieden (Ouddorp, Bruinisse, Yerseke, Arnemuiden, Westkapelle, Eede). Oan sprekkers is noch wol hieltyd dúdlik te hearren út hokker krite hja komme en binnen gruttere streken as Flakkee, Súd-Bevelân en Schouwen bestean regionale ferskillen. Dy ferskillen binne hast altyd east-west oriïntearre.
In apart plak binnen it SieuskeSiuwske wurdt ynnommen troch it boarger-SieuskSiuwsk fan Middelburch en Flissingen (tsjintwurdich ek East- en West-Souburg), dat tige bot ferskilt fan it Walcherske plattelânsdialekt deromhinne. De dialekten fan oare stêden en stedsjes as Zierikzee, Goes, Veere, Tholen, Oostburg, Axel en Terneuzen wike folle minder ôf fan de plattelânsdialekten deromhinne.
De neamde regiolekten litte nei it suden ta hieltyd mear Flaamske skaaimerken sjen. Is op Schouwen in simmer yn Seelân noch gewoan in 'zomer in Zeêland', fan Walcheren en Súd-Bevelân ôf wurdt dat in 'zeumer'. En op it kwa wurdskat wat noardlikere Súd-Bevelân yt men 'aerebemezen' of 'aerebezems', op Walcheren binne dat 'frinzen' of 'frenzen' (fan it Frânske 'fraises').
It dialekt fan midden en westlik SieuskSiuwsk-Flaanderen lyket tige op it West-Flaamsk fan 'sjuust over de grenze'. Ienige opmerklike ferskil is it ûntbrekken fan de oe-útspraak fan de Nederlânskse ou yn SieuskSiuwsk-Flaanderen. En de wurdskat van SieuskSiuwsk-Flaanderen is folle mear as dy fan it West-Flaamsk oantaasten troch it Nederlânsk.
 
== Oantal sprekkers ==
Ut in trijetal regionale ûndersiken (Evenhuis [[1995]]; Riemens 1995; Menheere 1988) is ôf te lieden dat yn hiel Seelân wierskynlik noch foar mear as 60% fan de SieuskeSiuwske befolking SieuskSiuwsk de earste en wichtichste taal is. Fan de oare 40% hat seker de helt wat passive of aktive kennis fan de taal. Goeree, Schouwen en Duiveland, it uterste westen en easten van Súd-Bevelân, de westpunt van Walcheren en West-SieuskSiuwsk-Flaanderen hawwe de heechste persintaazjes dialektsprekkers. Positive útsjitters binne doarpen as Bruinisse, Arnemuiden en Westkapelle (mei sels mear as 90% SieusktaligenSiuwsktaligen ûnder de jongerein) en de measte West-SieuskSiuwsk-Flaamske doarpen (benammen Hoofdplaat, Breskens en Schoondijke).
Yn West-Flaanderen sprekt hast 90% fan de hiele befolking noch (by foarkar) West-Flaamsk (mear as 1 miljoen sprekkers). Yn Frânsk-Flaanderen wurdt de streektaal allinnich troch de alderâldsten (bytiden mear as 80%) en fyftich-plussers (sawat 10-50% sprekkers, ôfhinklik fan it plak) noch sprutsen (mei-inoar noch mar sa’n 20.000 sprekkers).
Der is yn Frânsk-Flaanderen lykwols in opmerklik grutte belangstelling foar kursussen yn de streektaal. De ferwachting is dan ek, dat it Frânsk-Flaamsk nea hielendal útstjerre sil, mar hoe langer hoe mear foarbeholden wêze sil oan in relatyf lytse groep tige taalbewuste twataligen.
It totaal oantal sprekkers fan SieuskSiuwsk/West-Flaamsk/Frânsk-Flaamsk leit, ynklusyf de sprekkers yn in oantal enklaves yn benammen Noard- en Súd-Amearika (Michigan, Detroit, Brazilië) op rom 1,5 miljoen.
 
== Aktiviteiten ==
De meast aktive belangstelling foar de taal fynt men (nei Frânsk-Flaanderen) yn de Zak van Súd-Bevelân, wêr’t party skriuwers, dichters, fertellers, toanielgroepen en muzikanten wei komme. Benammen 's-Heerenhoek is wat dat oangiet in echte 'brânkearn'.
Op Walcheren wenje de measte 'stille' genieters: ferteljûnen wurde der tige druk besocht en der wurde relatyf in hiel soad publikaasjes yn en oer it dialekt kocht. Walcheren telt lykwols mar in bytsje skriuwers en fertellers en al hielendal gjin streektaalmuzikanten.
Benammen yn westlik SieuskSiuwsk-Flaanderen is de belangstelling foar it SieuskSiuwsk noch net grut, Nei alle gedachten omdat de taal dêr noch it minst bedriigd wurdt. It oangrinzjende West-Flaanderen lit datselde byld noch folle sterker sjen.
 
;"Ynfrastruktuer"
De 'ynfrastruktuer' fan it SieuskSiuwsk is, fergelike mei oare streken, noch tige beheind. It SieuskSiuwsk hat in wiidweidich wurdboek SieuskSiuwsk-Nederlânsk, mar in (bûs-)wurdboek Nederlânsk-SieuskSiuwsk ûntbrekt bygelyks. Der binne mar in pear bibelgedielten yn it SieuskSiuwsk oersetten, der is noch gjin algemien akseptearre staveringssysteem, der binne gjin kursussen of lesprogramma's yn of oer it SieuskSiuwsk beskikber, der wurdt troch de regionale media noch mar in hiel lyts bytsje oandacht oan de taal bestege, der is noch mar ien SieusktalichSiuwsktalich tydskrift (Noe), der is gjin SieuskeSiuwske streektaalfunksjonaris en der ferskynt mar in bytsje serieuze literatuer yn en oer de taal.
De ienige ynstânsjes dy’t har aktyf ynsette foar it behâld en de popularisearring fan de streektaal binne Stifting Zuudwest 7 (útjouster fan ’t tiedschrift Noe, de Stifting Skoalle en Dialekt en sûnt koart de Zeeuwsche Vereeniging voor Dialectonderzoek (fanâlds in, lykas de namme al seit, benammen op dialektologysk ûndersyk rjochte, wat fergrize feriening, dy’t op dit stuit lykwols tige war docht in nije rjochting yn te slaan).
Yn West-Flaanderen is de sitewaasje noch 'dramatysker', wylst de kânsen foar de taal dêr folle grutter binne as yn Seelân. It ôfrûne jier like der lykwols in lytse omslach te kommen, mei in bulte lanlike media-oandacht foar it West-Flaamsk, ûnder oare tanksij de ferskuorrende populêrens fan de West-Flaamske hip-hopband 't Hof van Commerce. Yn Frânsk-Flaanderen rint men by in soad inisjativen noch tsjin in net-wollende, sintralistyske oerheid oan. Dochs nimt dêr it tal kursisten yn frije kursussen Nederlânsk (yn tsjinstelling ta wat de namme fermoeden docht benammen 'Vlaemsch'-georiënteerd) hieltyd fierder ta en ferskine der hieltyd mear Frânsk-Flaamske opskriften yn it strjittebyld.