Slach by Warns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 2 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2488800
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 21:
== Eftergrûn ==
[[Ofbyld:Friesische Seelande um 1300.png|thumb|left|De Fryske lannen om it jier 1300 hinne.]]
De Friezen hienen yn 'e midsieuwenmidsiuwen har eigen frijheidsideology mei in eigen bestjoerlik systeem en rjochtspraak. Dat waard it konsept fan de [[Fryske frijheid]]. Dy Fryske frijheid soe neffens ferskillende boarnen foar elk fan de [[Sân seelannen|Sân Fryske seelannen]] jilde, mar wie yn 'e praktyk it sterkst tusken it [[Fly]] en de [[Wezer]] mei de [[Upstalbeam]] as belangrykste utering dêrfan.
 
Yn de rin fan de MidsieuwenMidsiuwen krigen de Friezen te meitsjen mei in lange rige oanfallen op harren autonomy. Alle [[Sân seelannen|Sân Fryske seelannen]] waarden oanfallen troch wrâldske en geastlike hearen dy’t harren rjochten jilde litte woenen. Foarbylden dêrfan binne de [[Frysk-Hollânske oarloggen]], de [[Westfryske oarloggen]] en de [[Slach by it Wremer Djip]].
 
Mei it ferlies fan de Friezen yn de [[Slach by Froanen]] kaam der yn 1297 in ein oan de Fryske frijheid yn [[West-Fryslân|Westfryslân]]. De Sudersee sil help tsjin de besetter fan de oare Fryslannen út opkeard hawwe. De greven fan Hollân hienen dêrtroch de hannen frij en koenen fierder mei gebietsútwreiding. Nei Westfryslân soe Westerlauwersk Fryslân it doel wurde fan de Hollânske ekspânsje. Yn Starum woenen de Hollanners by it Sint-Odulphuskleaster in sterk fort meitsje om dêrwei de Fryske goäen oan de [[Lauwers]] ta te feroverjen.
Rigel 46:
Neffens de Frjentsjerter heechlearaar en Frysk skiedskriuwer [[Pier Winsemius]] (1586-1644), hawwe de Friezen de 26e septimber ta eare fan Maria ynsteld as tank foar de behelle oerwinning op de greve: ''Us Frysk Ljeaffrouwedei''. Mei de komst fan Albrecht fan Saksen yn 1498 wurdt dat tsjerklik feest ferbean en ek ûnder it regear fan [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk]] bliuwt dat sa.
 
De moderne betinking fan de Slach by Warns wurdt sûnt 1945 holden. Yn de tritiger jierren fan de 20e ieuiuw kaam it idee op om in nasjonale Fryske tinkdei te organisearjen. Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] hat dat syn beslach krigen op it Reaklif. Pas op 26 septimber 1945 – 600 jier nei de Slach út 1345 – slagget it om op it Reaklif in „bewegingsdei‟ te organisearjen op oanstean fan de krekt oprjochte [[Ried fan de Fryske Beweging]]. Yn 1951 keapet de dêrfoar oprjochte ‟Stifting Slach by Warns‟ in stik lân op it Reaklif om dêr in monumint op sette te kinnen. It jild wurdt byinoar helle troch it útjaan fan keapbewizen foar ƒ 2,50 de kante meter. Mei ynset fan frijwilligers by de bou fan it monumint – neffens plan en tafersjoch fan arsjitekt Arjen Witteveen – kin yn 1952 de betinking by de stien holden wurde.<ref>Tom Dykstra, ''De betinking ‘Slach by Warns’ betocht'', yn [[Swingel]] 28, siden 5 oant en mei 8</ref><ref>[[Frysk Deiblêd]]: [http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=51830 Der wurdt wol tocht dat dy stien der al ieuweniuwen leit]</ref> Grif sille in soad minsken by it hearren fan de Slach by Warns fuortendaliks tinke oan de rigel ''leaver dea as slaef''. Dy rigel is te finen op de tinkstien.
 
De betinking fan de Slach by Warns wurdt noch alle jierren op de lêste sneon fan septimber betocht. By de betinking hearre muzyk en sprekkers. De ûnderwerpen fan de sprekkers binne ornaris taal, ûnderwiis, taalbelied, desintralisaasje en demokrasy.
Rigel 65:
 
[[Kategory:Fryske fjildslach|Warns]]
[[Kategory:Fjildslach yn de midsieuwenmidsiuwen|Warns]]