Henry Wadsworth Longfellow: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 13:
| taal = [[Ingelsk]]
| sjenre = [[poëzij]], [[literatuer|lit.]] [[roman]]s & [[koart ferhaal|koarte ferh.]]
| perioade = [[19e ieuiuw]]
| streaming = [[Romantyk]]
| tema's =
Rigel 36:
 
[[File:Mary Storer Potter.JPG|thumb|right|250px|Mary Storer Potter, Longfellow syn earste frou.]]
It earste boek dat Longfellow publisearre, wie in fertaling fan it wurk fan 'e [[MidsieuwenMidsiuwen|MidsieuskeMidsiuwske]] Spaanske dichter [[Jorge Manrique]]. Hy brocht ek in reisferhaal út, ''Outre-Mer: A Pilgrimage Beyond the Sea'', basearre op syn eigen besyk oan Jeropa. Op [[14 desimber]] [[1831]] boaske er oan Mary Storer Potter, in frommeske út Portland dat er al fan berns ôf oan koe. Se setten harren nei wenjen yn Brunswick, mar dêr wie it Mary net nei 't sin. Nei't it skynt, wie Longfellow oan it ''Bowdoin College'' ek net botte tefreden; hy skreau: ''"Ik kin pinne, inket en papier net mear sjen of luchtsje. [...] Ik wegerje te leauwen dat ik berne bin foar sa'n lot. Ik haw my heger rjochte as dit."''
 
===Harvard en earste widnerskip===
Rigel 53:
 
===Twadde widnerskip===
Op [[9 july]] [[1861]], doe't Fanny in kefert besocht te fersegeljen mei hjitte waaks, wylst Longfellow eefkes in slûchje die, kaam se blykber te ticht mei har klean by de kjers dêr't se de waaks mei rane liet, en fleach har jûpe ynienen yn 'e brân. In heale ieuiuw letter fertelde Longfellow syn jongste dochter Annie it ferhaal oars. Neffens har wie der kefert, noch waaks, noch kjers, mar begûn it fjoer ynstee troch in selsûntbrânende lúsjefer, dy't oer de flier fallen wie. Hoe dan ek, Longfellow, dy't wekker waard fan Fanny har gjalpen, hastige him om har te helpen en besocht de flammen mei in tapyt te smoaren. Dat tapyt wie lykwols te lyts, dat wêr't it fjoer der ûnderút kaam, brûkte er syn eigen lichem om it te dôvjen. Hy krige de flammen út, mar tsjin dy tiid wie Fanny al swier ferwûne. Nettsjinsteande medyske soarch wie se de hiele nacht by hoartsjes bewusteleas en by besleur, oant se de oare moarns koart nei tsienen ferstoar. Longfellow hie sels sokke slimme brânwûnen oprûn dat er har begraffenis net bywenje koe. Fanwegen de groeden yn syn gesicht hold er neitiid op fan skearen, sadat er it grutte burd krige dêr't er om bekend kaam te stean.
 
[[File:Longfellow statue2.JPG|thumb|left|300px|It stânbyld fan Longfellow yn 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] haadstêd [[Washington, D.C.|Washington]].]]