Friso-Saksyske dialekten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Friso-Saksyske talen to Friso-Saksyske dialekten: bettere namme
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
Rigel 3:
 
==Karakteristiken==
Foar it meastepart hawwe de gebieten dêr't sokke taalfarianten sprutsen wurde, yn it ferline Frysktalich wêst, mar is it Frysk der fan 'e lette [[MidsieuwenMidsiuwen]] oant de [[njoggentjinde ieuiuw]] ferkrongen troch de opmars fan Nedersaksyske taalfoarmen. Krektsa hat it bgl. west yn 'e [[Grinzer Ommelannen]], dy't oant de [[fyftjinde ieuiuw]] Frysktalich wiene, en mei [[East-Fryslân]], yn noardwestlik [[Dútslân]], dêr't it [[Eastfrysk]] op it eilân [[Wangereach]] sels noch oant yn 'e [[tweintichste ieuiuw]] sprutsen waard.
 
By it [[Oertsjongersk]] is it krekt oarsom: de [[Stellingwerven]] makken yn 'e [[MidsieuwenMidsiuwen]] diel út fan it âlde [[Oerstift]], dêr't ek [[Drinte]], [[Oerisel]] en de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] ta hearden. Dat wie al sûnt de [[Iere MidsieuwenMidsiuwen]] in Nedersaksysktalich gebiet. Pas letter kamen de Stellingwerven ta [[Fryslân]] te hearren. It Stellingwerfsk hat sadwaande in Fryske ynfloed fan bûtenôf ûndergien, en itselde jildt oant op in beskate hichte foar it [[Grinzersk]]e dialekt fan 'e stêd Grins. Hast alle oare Friso-Saksyske taalfoarmen binne krekt Nedersaksyske dialekten dy't har op in Frysk [[substraat]] fêstige hawwe, en dus fan binnenút troch it Frysk beynfloede binne.
 
Oan 'e oare kant fan [[Westerlauwersk Fryslân]] komme de ferlykbere [[Friso-Frankyske dialekten]] foar, dat [[Nederfrankyske talen|Nederfrankyske taalfoarmen]] op in Frysk substraat binne (lykas it [[Westfryske dialekten|Westfrysk]], it [[Wetterlânsk]] en it [[Saansk]]).