Augustinus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Augustine Lateran.jpg|right|thumb|225 px|Iere ôfbylding fan Augustinus (6e ieuiuw)]]
'''Augustinus''', (folút: '''Aurelius Augustinus'''), ek wol '''Augustinus fan Hippo''' neamd, ([[13 novimber]] [[354]] - [[28 augustus]] [[430]]) wie in grut [[teolooch]] út de [[5e ieuiuw]]. Hy hat mei syn opfettings oer God, de minsk en de genade syn stimpel op wrâldskiednis drukt en wurdt beskôge as ien fan de [[Tsjerkfaar|Tsjerkfâden]]. Nei syn dea waard er hillich ferklearre.
 
== Libben ==
Augustinus kaam op'e wrâld en stoar yn Thagaste (Souk-Ahras), yn de doetiidske [[Romeinske ryk|Romeinske]] provinsje [[Afrika (Romeinske Ryk)|Afrika]] tsjintwurdich noardeast Algerije en noard-Tuneesje. Noard-Afrika yn de 3e en 4e ieuiuw, wie mei Turkije, Syprus, Kreta en Egypte, ien fan de gebieten dêr't it [[Kristendom]] it sterkst woartele wie. Hy waard berne as soan fan in [[heidendom|heidenske]] (net-kristlike) heit en in fromme kristlike mem. Syn âlden hienen it net breed mar joegen him wol in goede oplieding. Hy koe studearje en waard yn [[375]] op 21-jierrige leeftyd learaar yn de [[retorika]] yn de stêd [[Kartago]].
 
Yn syn jonge jierren wie hy in fûle oanhinger fan it [[Manicheïsme]], in [[Gnostisisme|gnostyske]] streaming yn it [[Kristendom]]. Ta fertriet fan syn mem Monika libbe hy as jongkeardel earst in losbandich libben. Neidat er kennis makke mei it wurk fan de Romeinske filosoof Cicero nimt er it beslút filosofy studearre te gean op syk nei wierheid, benammen oer it suvere Godsbegrip yn relaasje ta de oersprong fan it kwea. Nei alle gedachten ferfear hy yn [[383]] nei Itaalje en krige dêr in funksje oan it keizerlik hof yn [[Milaan]]. Dêr lit er him, ûnder ynfloed fan de biskop fan Milaan [[Ambrosius]], ek bekeare ta it kristendom. Hy gong werom nei Afrika en waard dêr pryster yn [[Hippo]]. Yn [[395]] waard hy nei de dea fan de biskop fan Hippo ta syn opfolger keazen. Dy funksje soe hy oant syn dea yn 430 ferfolje. By de belegering fan [[Hippo (stêd)|Hippo]] troch de [[Fandalen]] soe er stjerre.
Rigel 12:
It tinken van Augustinus fynt foaral syn grûn yn it kristlik leauwen. Yn syn wurken giet hy yn op de wichtichste learstellings fan it kristendom. Syn filosofy spilet derby in eigen rol. Neffens Augustinus hat de minsk fan God syn tinkfermogen krigen en helpt him dat by syn syktocht nei God. Derby moat er wol leauwe dat God him derby stjoert, omdat in minsk op him sels net fertrouwe kin. Sûnder God rekket in minsk op it ferkearde paad. Augustinus sjocht de minsklike wil ek foaral as de feroarsaker fan it kwea yn de wrâld. Mei syn filosofy wol er benammen de reedlikheid fan it leauwen oantoane.
 
It tinken fan Augustinus oer de minsk en syn wil is fan grutte ynfloed west op de [[midsieuwenmidsiuwen|midsiuwske]] teologen lykas [[Anselmus]] en [[Tomas fan Akwino]]. Lettere filosofen as [[Immanuel Kant]], [[Arthur Schopenhauer]] en [[Friedrich Nietzsche]] hawwe dit ûnderwerp fierder útwurkje yn harren [[etyk]].
 
[[Jehannes Kalvyn]] en [[Kornelius Jansen]], binne ek hiel bot beynfloede troch it wurk fan Augustinus. De [[16e ieuiuw]]ske [[reformaasje]], yn gong setten troch [[Maarten Luther]], sels augustijn, Kalvyn en [[Huldrych Zwingli]] is foarme op grûn fan Augustinus syn tinken. Mei harren lear oer sonde en genade gripe sy tebek op it wurk fan Augustinus.
 
== Wurk ==