Elizabeth Haydon: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 25:
 
==Libben en karriêre==
Haydon waard yn [[1965]] berne yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Michigan]]. Behalven skriuwster is hja ek muzikante. Se spilet de [[harp]] en is [[sjongster]] fan [[MidsieuwenMidsiuwen|MidsieuskeMidsiuwske]] [[liet]]en. Fierders is se kundich op it mêd fan [[herbalisme]] (genêskrêftige krûden). Under har leafhawwerijen binne [[antropology]] en [[folkloare]]. Hja wennet op 't heden oan 'e eastkust fan 'e [[Feriene Steaten]] mei har man en trije bern.
 
Yn [[1999]] debutearre Haydon mei de roman ''Rhapsody: Child of Blood'', it earste boek út wat de ''Symphony of Ages''-rige wurde soe. ''Rhapsody'' is in romantyske fantasy oer twa jonge minsken, Rhapsody en Ashe, dy't yn ferskillende tiden yn deselde wrâld libje en troch in fâld yn 'e tiid mei-inoar yn 'e kunde komme en de leafde fine. Se reitsje inoar lykwols wer kwyt as Ashe nei syn eigen tiid weromskuord wurdt, dy't foar Rhapsody in fiere takomst is. Ferskate jierren letter moat Rhapsody flechtsje foar in machtich man dy't har tsjin har wil ta syn frou meitsje wol, en op har flecht moetet hja de hiermoardner Achmed en dy syn maat, de hierling Grunthor, dy't sels ek de wyk nimme moatte, foar in F'dor-[[demon]]. Troch omstannichheden wurde se twongen om in hoale yn te gean oan 'e woartels fan 'e [[wrâldbeam]]. Trijeresom reizgje se dan troch de midden fan 'e Ierde, wat ek in reis troch de tiid blykt te wêzen, want as se nei in lange, lange reis oan 'e oare kant foar 't ljocht komme, hawwe se Ashe syn tiid berikt. Lykwols wachtet de ûnstjerlike demon harren op, en ek oare fijannen binne har troch de tiid hinne folge.