Botanyske tún: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 4:
Botanyske tunen omfetsje meastal [[kas]]sen, dêr't [[eksoat]]yske planten út 'e [[tropen]] kultivearre wurde. Yn sokke kassen (en by goed waar by 't [[simmer]] ek wol yn iepenloftdielen fan botanyske tunen) wurde jûns gauris sosjale gearkomsten holden, lykas lêzings, [[toaniel]]foarstellings en [[konsert]]en. Soms fungearje botanyske tunen ek as [[keunst]]galeryen; [[byldhouwurk]]en passe der bygelyks hiel goed by.
 
De botanyske tún as ferskynsel fûn syn oarsprong yn 'e medyske [[krûdetún|krûdetunen]] dy't foar it earst yn it [[Jeropa]] fan 'e [[MidsieuwenMidsiuwen]] ferskynden, as de priveetunen fan beskate kundige [[medikus|medisy]]. Under de [[Renêssânse]] ûntjoegen dy har yn [[Itaalje]] ta wiidweidiger kolleksjes fan planten foar wittenskiplik ûndersyk op it mêd fan medisinale wurking. Yn 'e [[santjinde ieuiuw]] ûntstie dêrút in wittenskiplike belangstelling foar planten dy't los stie fan medyske omtinkens, mar poer te krijen hie mei it yn kaart bringen fan 'e plantewrâld. Yn 'e [[achttjinde ieuiuw]] waard it formele [[taksonomy]]ske systeem fan klassifisearring mei [[nomenklatuer|wittenskiplike nomenklatuer]] betocht en yn gebrûk nommen, en dyselde ieusiuws noch waarden [[botanikus|botanisy]] meistjoerd op ûntdekkingsreizen (bgl. nei de [[Stille Súdsee]] en it binnenlân fan [[Noard-Amearika]]) om eksimplaren fan eksoatyske planten te sammeljen. Ien fan bekendste botanyske tunen fan 'e wrâld, de [[Keninklike Botanyske Tún fan Kew]], by [[Londen]], ûntstie as resultaat fan dat sammelwurk.
 
{{boarnen|boarnefernijing=