Ynferno (roman): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 32:
{{Plotbedjer}}
[[File:Firenze.PalVecchio05.JPG|left|thumb|200px|It [[Palazzo Vecchio]], yn [[Florâns]].]]
Langdon beslút dan om it te aventoerjen en iepenje de sylinder. It docht bliken dat dêr in lytsere, [[MidsieuwenMidsiuwen|MidsieuskeMidsiuwske]], biennene sylinder yn sit, dêr't immen in hi-tech projektor yn ferwurke hat dy't in ferzje fan [[Sandro Botticelli|Botticelli]] syn ''Plattegrûn fan de Hel'' sjen lit. De plattegrûn is lykwols alhiel trochinoar griemd, en as Langdon him letter wer yn 'e âlde steat werombringt, kommen de wurden ''CERCA TROVA'' te foarskyn. Langdon wit dat dy wurden op it [[skilderij]] ''De Slach by Marciano'' fan [[Giorgio Vasari]] steane, dat tentoansteld wurdt yn it [[Palazzo Vecchio]]. Sadwaande sette hy en Sienna, nei't har appartemintegebou ynienen binnenfallen wurdt troch militêren en se mar op it nipperke witte te ûntkommen, nei de Alde Stêd fan Florâns ta.
 
Nettsjinsteande it feit dat de brêgen ôfset binne troch militêren, witte se op slûchslimme wize dochs it Palazzo Vecchio te berikken, dêr't se opmurken wurde troch Marta Alvarez, de direktrise fan it museum, dy't Langdon fertelt dat se juster noch mei-inoar praat hawwe doe't er it Palazzo Vecchio besocht yn it selskip fan Ignazio Busoni, de [[kurator]] fan 'e [[Florentynske Dom]]. Alvarez seit ek dat Busoni en hy it [[deamasker]] fan [[Dante]] sjen woene, mar as hja him en Sienna meinimt dêrhinne, blykt dat te missen. Op bylden fan befeiligingskamera's is dúdlik te sjen hoe't Langdon sels en Busoni de foargeande nachts weromkamen en it deamasker stielen. As er dan kontakt besiket op te nimmen mei Busoni, kriget er te hearren dat dy de foargeande nachts oan in [[hertoanfal]] stoarn is, mar foar syn dea noch in boadskip foar Langdon opnommen hat. Yn dat boadskip fertelt Busoni op esotearyske wize wêr't it masker ferburgen is, ferwizend nei "Paradys 25".