Western (sjenre): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 2:
De '''western''' is in sjenre yn 'e [[literatuer]], [[keunst|byldzjende keunst]], [[film]] en op 'e [[tillefyzje]], dat wijd is oan romantisearre beskriuwings fan en ferhalen oer it [[Wylde Westen]], de beneaming foar rûchwei de westlike helte fan 'e [[Feriene Steaten]] tusken likernôch [[1850]] en [[1900]]. Yn dy perioade ferkearde dat gebiet noch yn it begjinstadium fan 'e [[kolonisaasje]], en waard der striid levere tusken de lânseigen [[Yndianen|Yndiaanske folken]] oan 'e iene kant en de Amerikaanske kolonisten en it Amerikaanske leger oan 'e oare kant, wylst de ''[[cowboy]]'', dat ikoanyske symboal fan it Alde Westen, it fee fan syn baas oer de iepen [[prêrje]]s dreau, en op oare plakken [[leginde|legindaryske]] banditen lykas [[Jesse James]] en [[Billy the Kid]] harren snoade plannen smeiden en dêrby soms yn 'e tsjillen riden waarden troch allike legindaryske wetstsjinners as [[Wild Bill Hickok]] en [[Wyatt Earp]].
 
Hoewol't westerns oer it algemien net botte reälistysk binne (it wurk fan ''cowboys'' wie yn it echt net heldhaftich en aventoerlik, mar earder ientoanich en lichaamlik slopend, om mar wat te neamen), kinne se o sa ta de ferbylding sprekke. It sjenre sette útein mei de kontemporêne pulpromantsjes út 'e lêste helte fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]], en ûntjoech him koart nei de ieuwikseliuwwiksel, tusken [[1902]] en [[1912]], ta in wier literêr sjenre. It wie benammen tige populêr tusken [[1930]] en [[1980]], mei in hichtepunt yn 'e earste helte fan 'e sechstiger jierren. Yn dy heale ieuiuw ûntstie ek westernfilm, en waarden er in grut tal westernsearjes makke foar op 'e tillefyzje. Sûnt de twadde helte fan 'e santiger jierren is de populariteit fan it sjenre yn it neigean rekke, en nei [[2000]] hat dy in nij djiptepunt berikt, al wurde der noch altiten wol westernromans skreaun en westernfilms produsearre.
 
==Tematyk==
De western skilderet in maatskippij ôf dy't organisearre is om beskate earekoades hinne, wêrby't de mei geweld útfochten en besljochte fete, en persoanlik, direkt en eigen gerjocht troch geweld in grutte rol spylje. Sawol de tradysjonele westernroman as de westernfilm draaie ornaris om it libben fan in semy-[[nomade|nomadyske]] swalker, gauris mei in twifelich ferline of in persoanlikheid dy't skeind is troch in jeugdtrauma of oarlochsûnderfinings. Hy is yn 'e regel in ''cowboy'' of in revolverman (''gunslinger'') dy't sels it kontakt mei de minsklike maatskippij fierhinne ôfwiisd of ferlern is, en de western set útein as er as frjemdling in foar him ûnbekend stedsje binnenriidt dêr't fan alles mis is of dêr't banditen of in korrupte feeboer (''rancher'') de gewoane minsken terrorisearje. Om redens dy't útienrinne kinne fan syn rjochtsgefoel, klearebare ferfeling of tsjin wil en tank, lost de frjemdling de swierrichheden op troch mei geweld mei de smjunt en dy syn trewanten ôf te weven, gauris yn in revolverduël ûnder de middeissinne op 'e haadstrjitte fan it stedsje. Hoewol't er dêrnei faak troch de ferromme ynwenners frege wurdt om ''sheriff'' te wurden, einiget de western as er it stedsje efterlit en de ûndergeande sinne temjitte riidt. Dizze tradysjonele westernheld, de ienlike frjemdling, wurdt wol beskôge as de literêre erfgenamt fan 'e doalende [[ridder]] út 'e [[MidsieuwenMidsiuwen|MidsieuskeMidsiuwske]] [[Jeropa|Jeropeeske]] [[roman]]s, en is ek besibbe oan 'e ''[[ronin]]'', de masterleaze [[samûrai]] út 'e [[Japan]]ske kultuer.
 
[[File:Gary Cooper 2.jpg|thumb|left|250px|[[Gary Cooper]] yn ''Vera Cruz'' ([[1954]]).]]
Rigel 14:
 
==Literatuer==
De western as literêr sjenre is eins in fuortsetting op 'e [[roman]]s dy't yn 'e earste helte fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] begûnen te ferskinen oer de [[Amerikaanske frontier|Amerikaanske ''frontier'']] beëasten de rivier de [[Mississippy (rivier)|Mississippy]]. Dêryn waard it libben oan 'e foargrins fan 'e beskaving beskreaun (yn romantisearre foarm, fansels), sa't dat west hie yn 'e koloniale tiid (±[[1700]]-[[1776]]). It bekendste foarbyld fan dy literatuer is de fiifdielige romanrige ''The Leatherstocking Tales'', fan 'e [[skriuwer]] [[James Fenimore Cooper]], mei as meast ferneamde diel ''[[The Last of the Mohicans]]'' ([[1826]]).
 
Doe't om [[1840]] hinne de [[kolonisaasje]] fan [[Noard-Amearika]] bewesten de Mississippy úteinsette, begûnen der fan likernôch [[1850]] ôf goedkeape, tinnige pulpromantsjes te ferskinen, dy't ''[[penny dreadful]]s'' neamd waarden, om't se mar in [[peinje]] (''penny'') kosten en ferskriklik (''dreadful'') skreaun wiene. Meitiid giene dy oer yn 'e saneamde ''[[dime novel]]s'', dy't mei in [[stoer]] (''dime'') justjes djoerder wiene, mar ek folle better skreaun wiene (dêrfandinne ''novel'', "roman"). De earste ''dime novel'' wie ''Malaeska; The Indian Wife of the White Hunter'', dy't yn juny [[1860]] útjûn waard. Beide soarten pulpromans wiene tige populêr yn it Easten fan 'e Feriene Steaten, al waarden se nei it lêzen yn 'e regel fuortsmiten. Se fertelden ferhalen dy't gauris basearre wiene op 'e (romantisearre) libbens fan wiere persoanen, lykas [[Buffalo Bill]], [[Wild Bill Hickok]], [[Jesse James]]. [[Wyatt Earp]] en [[Billy the Kid]]. Tsjin [[1900]] ûntstiene der ek tydskriften dy't har yn dit soarte ferhalen spesjalisearren.
 
[[File:KarlMay Raupp.jpg|thumb|left|200px|De [[Dútslân|Dútske]] [[skriuwer]] [[Karl May]].]]
Behalven yn it Easten fan Amearika wiene de ferhalen oer it Wylde Westen ek yn [[Jeropa]] tige populêr. Om [[1880]] hinne sette de [[Dútslân|Dútser]] [[Karl May]] útein mei it skriuwen fan romans fan folle lingte oer syn ikoanysk wurden helden [[Old Shatterhand]] en [[Winnetou]]. Hoewol't er dêr op it fêstelân fan Jeropa in ûnbidich grut súkses mei hie, waarden syn aventoereferhalen troch literatuerkritisy ôfdien as lektuer fan in triviaal soarte, en dat is oardel ieuiuw letter noch net feroare. Likegoed binne generaasjes bern opgroeid mei May syn boeken en de ferfilmings dêrfan, en hat er yn Jeropa in grutte ynfloed hân. Dêrby moat trouwens wol oantekene wurde dat er in grutte fantast wie, dy't bearde dat syn ferhalen op syn eigen ûnderfinings basearre wiene wylst er noch nea yn Amearika west hie. Dat is ek de reden dat syn boeken optille fan 'e histoaryske flaters, lykas Yndiaanske stammen dy't by May noch fleurich oer de prêrje fjouweren wylst se yn wurklikheid allang troch de Amerikaanske oerheid opburgen wiene yn [[Yndianereservaat|reservaten]]. Fierders moat ek opmurken wêze dat May syn alter ego Old Shatterhand en dy syn Yndiaanske bloedbroer Winnetou yn Amearika sa goed as ûnbekend bleaun binne.
 
[[File:Zane Grey.jpg|thumb|right|200px|[[Zane Grey]], de grûnlizzer fan 'e literêre western.]]
Yn 'e Feriene Steaten ûntjoech de western him ûnderwilens ta echte literatuer mei de útjefte, yn [[1902]], fan [[Owen Wister]] syn roman ''The Virginian''. As grûnlizzer fan 'e literêre western wurdt lykwols [[Zane Grey]] beskôge, dy't yn [[1912]] syn ferneamde ''[[Riders of the Purple Sage]]'' publisearre. Letter folgen dêr noch tsientallen oare romans op, lykas ''Knights of the Range'', ''Code of the West'' en it masterlike ''[[Desert Gold (boek)|Desert Gold]]''. Grey waard neifolge troch oare bekende westernauteurs, lykas [[Walter Noble Burns]], dy't yn [[1927]] mei syn roman ''Tombstone'' de reputaasje fan [[Wyatt Earp]] makke. [[Max Brand]] is in oare grutte namme út 'e westernliteratuer, mei titels as ''Striking Eagle'', ''Blood on the Trail'', ''The Seventh Man'', ''Danger Trail'' en ''The Long Chase''. Brand blonk fierders ek út yn it skriuwen fan [[koart ferhaal|koarte ferhalen]] fan it westernsjenre, dy't er publisearre yn 'e withoefolle westerntydskriften dy't yn 'e tweintiger jierren ûntstiene, lykas ''Western Story Magazine'', ''Star Western'', ''Ranch Romances'', ''Cowboy Stories'' en ''West''. [[Clarence E. Mulford]] skreau ek koarte ferhalen, mar dan allegear oer deselde held, Hopalong Cassidy; de earste út dy rige ferskynde al yn [[1904]].
 
Yn 'e fjirtiger jierren ferskynden der ferskate wichtige westernromans, lykas ''The Ox-Bow Incident'', fan [[Walter van Tilburg Clark]], ''The Big Sky'' en ''The Way West'', fan [[A.B. Guthrie jr.]] en ''Shane'', fan [[Jack Schaefer]]. Teffens ferskynden der ein fjirtiger en begjin fyftiger jierren ferskate westernromans fan 'e [[Fryslân|Frysk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaanske]] auteur [[Frederick Feikema Manfred]], hoewol't dy bekender wurden is om syn streekromans oer it boerelibben op 'e noardlike [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] oan it begjin fan 'e [[tweintichste ieuiuw]]. Under de skriuwers dy't yn 'e fyftiger jierren populêr waarden, wiene [[Luke Short]], [[Ray Hogan]] en [[Louis L'Amour]]. Yn 'e twadde helte fan 'e jierren fyftich en yn 'e jierren sechstich sette [[Bradford Scott]] útein mei syn rige oer de ''[[Texas Rangers|Texas Ranger]]'' Walt Slade, mei titels as ''Trigger Talk'', ''The Ghost Trail'', ''Outlaw Gold'' en ''Gun Justice''. De westernliteratuer berikte syn hichtepunt om [[1963]] hinne, wat benammentlik feroarsake liket te wêzen trochdat it publyk op it sjenre útsjoen rekke fanwegen de oerfloed fan westernfilms en -tillefyzjesearjes dy't der doedestiden makke waard. Dat hie ek in negatyf effekt op 'e ferkeapsifers fan westernliteratuer, en sa rekke it hiele sjenre stadichoan yn it neigean.
 
[[File:DBP 1987 1314 Karl May, Winnetou.jpg|thumb|left|200px|In [[West-Dútslân|Westdútske]] [[postsegel]] mei [[Winnetou]] derop, út [[1987]].]]
Rigel 79:
:De ''northern'' is in sjenre fan films mei sterke westerneleminten en -tematyk, dy't lykwols net yn it Wylde Westen spylje, mar yn [[Alaska]] of westlik [[Kanada]], lykas ''[[The Far Country]]'', mei [[James Stewart]], en ''[[North to Alaska]]'' mei [[John Wayne]].
* postapokalyptyske western
:De postapokalyptyske western ferpleatst de klassike western nei in futuristyske maatskippij dy't troch in skriklike katastrôfe (foarhinne faak in nukleêre oarloch, mar tsjintwurdich ek wol feroarsake troch [[klimaatferoaring]]) slim yn ferfal rekke is, mei fan gefolgen in wetteleaze sitewaasje dy't sterk tinken docht oan it njoggentjinde-ieuskeiuwske Wylde Westen. Foarbylden binne ''[[The Postman (film)|The Postman]]'', ''[[Waterworld (film)|Waterworld]]'', ''[[Neon City]]'' en de ''[[Mad Max]]''-trilogy.
* ''space western''
:De ''space western'' ("romtewestern"), net te betiizjen mei de science fiction-western, bringt it westernsjenre oer fan it Wylde Westen nei de koloniale foargrins fan 'e beskaving op oare planeten, lykas yn 'e films ''[[Bravestarr]]'' en ''[[Outland (film)|Outland]]''.
Rigel 93:
[[Ofbyld:Akira Kurosawa on the set of 7 samurai, 1953.jpg|thumb|left|150px|De [[Japan]]ske regisseur [[Akira Kurosawa]] op 'e set fan syn film ''Sân Samûrai''.]]
===Ynfloeden===
De ûntwikkeling fan 'e westernfilm waard healwei de [[tweintichste ieuiuw]] sterk beynfloede troch de [[Japan]]ske [[samûrai]]films. Sa wie de klassiker ''[[The Magnificent Seven]]'', út [[1960]], eins in ''remake'' fan 'e Japanske film ''[[Sân Samûrai]]'', fan [[Akira Kurosawa]], wylst ''[[A Fistful of Dollars]]'', út [[1964]], in ''remake'' wie fan Kurosawa syn ''Yojimbo'', dat trouwens sels wer ynspirearre wie troch de Amerikaanske [[detektiveferhaal|dektetiveroman]] ''Red Harvest'', fan [[Daniel Hammett]]. Neffens Kurosawa syn eigen sizzen waard hy ek wer beynfloede troch Amerikaanske westerns, benammen dy fan [[John Ford]], en wie der dus sprake fan in wikselwurking.
 
==Tillefyzje==