Luleå: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
WFT jout dûbel p
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 30:
 
== Skiednis ==
As haven wie Luleå al bekend fan de [[13e ieuiuw]] ôf. De stêd waard lykwols offisjeel stifte ûnder [[Gustaf II Adolf fan Sweden]] yn [[1621]], net op it plak fan no, mar op it plak dêr't tsjintwurdich [[Gammelstad]] (âlde stêd) leit. Troch it omheech gean fan de omkriten fan de stêd wie it al yn [[1649]] nedich om de kearn te ferlizzen nei it hjoeddeiske plak.
 
Luleå wurdt earst wier in wichtige stêd at ein [[18e ieuiuw]] [[izererts]] fûn wurdt yn de omkriten fan Kiruna en [[Malmberget]]. Der is mar ien manier om it erts te skypjen en dat is fia de haven fan Luleå. Foar de nedige tsjinsten anneks, waard de wyk Bergviken oanlein.
 
Yn 1887 ferbaarnd in diel fan de stêd mei syn protte houten huzen. Belangrike gebouwen, sa as de tsjerke, wurde neitiid fannijs boud. Fanwege it hieltyd grutter wurden fan de ertsproduksje en - tanimmend ferfier yn it generaal - krijt de stêd yn [[1907]] in spoarferbining. It spoar wurdt trochlutsen nei Narvik yn [[Noarwegen]]. Luleå is noch altyd in spoarweiknooppunt yn it gebiet. Fan it begjin fan de [[Twadde Wrâldkriich]] ôf is Luleå ien fan de hurdst waaksende stêden fan it lân.