Ferpleechkundige: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nedige side
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
L omstavere
 
Rigel 1:
In '''ferpleechkundige''' is immen dy't oplaat is yn it útfieren fan [[ferpleechkunde|ferpleechkundige]] taken. Hy of sy ferpleecht en/of fersoarget út beropsmjittige hoedanichheid pasjinten yn [[sikehûs|sikehuzen]], [[psychiatrysk sikehûs|psychiatyske sikehuzen]] [[revalidaasjesintrumrefalidaasjesintrum|revalidaasjesintrarefalidaasjesintra]], de handicaptesoarch, [[ferpleechhûs|ferpleech]]- en [[fersoargingstehûs|fersoargingstehuzen]], [[priveeklinyk|priveekliniken]], [[finzenis]]sen en yn 'e [[thússoarch]].
 
Under de soarch dy't troch ferpleechkundigen ferliend wurdt, falt persoanlike fersoarging, lykas waskjen, oanklaaien en ferskjinjen, mar ek de fersoarging fan wûnen, observaasje en rapportaazje, en spesjalisearre soarch. Der besteane yn ferpleechkundige opliedings ferskate nivo's, en wat heger it nivo fan jins oplieding, wat mear ferpleechkundige taken oft men ferrjochtsje mei. By sokke taken moat men tinke oan it ynbringen fan in [[sonde (sikesoarch)|sonde]] of in [[kateter]], of it tatsjinjen fan ynjeksjes of medisinen.