Charles de Gaulle: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 3:
 
== Syn libben ==
De Gaulle waard berne as twadde soan yn in [[Roomsk-katolike tsjerke|roomske]] húshâlding yn [[Risel]] yn in famylje dy't oarspronklik Vandewalle hiet. Dy namme wie ferfrânske ta De Gualle en letter ta De Gaulle. Charles de Gaulle wie [[etnyske groep|etnysk]] in [[Pikardje|Pikardiër]], mei oan syn heiteskant [[Flamingen|Flaamsk]], [[Normandje|Normandysk]] en [[Boergonje|Boergondysk]] bloed, wylst er oan syn memmeskant fan Flaamsk, [[Frânsen|Frânsk]], [[Ieren (folk)|Iersk]], [[Skotten|Skotsk]] en [[Dútsersk|Dútsk]] komôf wie. As lyts bern hie er al niget oan yn militêre saken. Hy studearre oan de militêre skoalle fan [[École Spéciale Militaire de Saint-Cyr|Saint-Cyr]] en yn [[1913]] foege hy him by de ynfantery-divyzjedifyzje ûnder kolonel [[Philippe Pétain]].
 
=== De Earste Wrâldkriich ===
Yn de [[Earste Wrâldkriich]] tsjinne De Gaulle yn it leger as [[luitenant]] oant syn finzenskip yn [[1916]]. Hy siet mear as twa jier yn in kamp foar kriichsfinzenen. Nei de oarloch gie hy by de [[tank]]troepen fan de [[ynfantery]] dêr't hy al gau de reputaasje krige fan in foarútstribjende taktikus. Hy woe graach mear pânserdivyzjespânserdifyzjes hawwe om faasje en fjoerkrêft te fergrutsjen. Yn [[1934]] miende er dat der in fredesleger komme moast om in eventuele ferrassingsoanfal fan de Dútsers ôf te slaan. Yn Frankryk waard net echt nei him lústere. Der waard tocht dat it better wie om in goede ferdigeningsliny te bouwen en dêr wie de [[Maginot liny]] it resultaat fan. Nei de oarloch hat De Gaulle sein dat er de [[Blitzkrieg]] foarsein hie.
 
Ut de briefwikselingen blykt ûnder mear dat er net safolle op hie mei de [[Parlemintêre Demokrasy|parlemintêre demokrasy]] en einliks mear seach yn in [[Monargy|monarchaal]] rezjym.
 
=== Twadde Wrâldkriich ===
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] krige hy tidens [[Fall Gelb]] op [[15 maaie]] [[1940]] it befel oer in profisoaryske pânserdivyzjepânserdifyzje, de 4e ''Division Cuirassée de Réserve'', dêr't er eins sûnder effekt mei tsjin de Dútske ynfallers fjochte dy’t om de Maginotliny hinne kamen.
Nei de oarloch is faak sein dat hy no krekt as ienige generaal yn dy wiken noch wat súksessen tsjin de Dútsers boekte. Flak foar de totale ynienstoarting is hy noch befoardere ta brigadegeneraal. Hy krige op [[6 juny]] de post fan ûnderminister foar definsje yn it kabinet fan [[Paul Reynaud]]. Doe't maarskalk [[Philippe Pétain]] yn juny 1940 in wapenstilstân slute woe mei de Dútsers, stapte De Gaulle yn in Brits fleantúch en gie nei [[Londen]] ta. Fia de [[BBC]] kundige er oan dat hy foar Frankryk de striid tsjin Dútslân fuortsette soe. It [[Vichy-rezjym]] feroardielde him ta de dea fanwege dessertsje.