Oscar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 16:
| webside = [http://www.oscars.org www.oscars.org]
}}
De '''''Academy Awards''''', offisjeel folút de '''''Academy Awards of Merit''''', mar better bekend as de '''''Oscars''''', binne in groep [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] prizen dy't jierliks yn in grut tal kategoryen útrikt wurde foar bysûndere prestaasjes op it mêd fan 'e [[film]]. It binne wrâlds bekendste en meast prestizjeuze filmprizen, en se korrespondearje yn 'e [[Feriene Steaten]] mei oare wichtige prizen op it mêd fan [[tillevyzjetillefyzje]] (de ''[[Emmy Award|Emmys]]''), [[toaniel]] (de ''[[Tony Award|Tonys]]'') en [[muzyk]] (de ''[[Grammy Award|Grammys]]''). Op it terrein fan [[pornografyske film]]s hawwe de ''[[AVN Award]]s'' in ferlykbere status.
 
==Eftergrûn==
De ''Oscars'' waarden foar it earst útrikt yn [[1929]]. De tawizing en de útrikking fan 'e prizen wurdt organisearre troch ''[[Academy of Motion Picture Arts and Sciences]]'' ("Akademy fan Filmkeunsten en -wittenskippen"). De útrikkingsseremoanje, dy't plakfynt yn it ''[[Dolby Theatre]]'' te [[Los Angeles]] (dat foarhinne it ''Kodak Theatre'' hiet), is ien fan 'e hichtepunten fan it Amerikaanske tillevyzjejiertillefyzjejier en wurdt ''live'' útstjoerd. De earste tillevyzjeregistraasjetillefyzjeregistraasje wie yn [[1953]]. It is ûnbekend wêr't de bynamme "Oscar" weikomt, al geane dêr in ferskaat fan ferhalen oer, allegear like ûnbewiisber en gauris mar frijwat fiersocht. De measte kategoryen dêr't in Oskar foar takend wurdt, binne basearre op in wedstrydelemint, al sprekt de ''Academy of Motion Picture Arts and Sciences'' leaver fan prizen basearre op "fertsjinste" (''merit''). Mar hoe't je it ek neame wolle, feit bliuwt dat in Oskar yn 'e measte kategoryen min ofte mear as kampioenskipspriis fungearret. De winners fan 'e ''Oscars'' wurde keazen troch de leden fan 'e ''Academy of Motion Picture Arts and Sciences'' (foar de "fertsjinste"-kategoryen) of útornearre troch spesjaal dêrfoar gearstalde komitees (de spesjale kategoryen).
 
==Kategoryen==