Matearje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L -interwiki's (wikidata)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 23:
 
== Skiednis ==
Matearje hat yn de skiednis net altyd op deselde wize ynterpretearre west. In earste omskriuwing (4e ieuiuw f. Kr.) wie fan de Grykske filosoof [[Demokritus]]; hy sei: ''"...alle stoffen binne opboud út lytse stive boltsjes..."'''. Hy neamde dy boltsjes atomen (yn de betsjutting fan net-dielber).<br>
In oare Grykske filosoof [[Aristoteles]] hat de opfetting fan Demokritus folslein los litten en stapte oer op de opfetting fan [[Empedokles]]. Hy stelde dat alle stoffen út fjouwer eleminten opboud binne, ierde (droech en kâld), wetter (wiet en kâld), lucht (wiet en waarm) en fjoer (droech en waarm).
 
Yn de [[17e ieuiuw]] doare [[Robert Boyle]] de opfettings fan Aristoteles yn twifel te lûken. Hy grypte tebek nei it dieltsjes- of partsjesmodel fan de matearje en ferkundige de oertsjûging dat alle matearje út dieltsjes bestean, dy't harren mei elkoar ta molekulen ferbine. Mei dizze teory kinne folle mear ferklearrings jûn wurde wêrtroch dizze teory algemien oanfurdige wurdt.
 
Nije ûntdekkings hawwe dizze opfetting net mear wankelje litte kinnen. Der kaam lykwols wol in ferplichting om de ferskillende boustiennen fan de stof te ûnderskieden.