Rungholt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 5:
Oant ein [[20e iuw]] wienen oerbliuwsels fan de stêd te sjen, mar dêrnei binne de lêste resten fuortspield troch de see.
 
De befolking fan Rungholt wurdt rûsdroesd op 1500 oant 2000, wat yn dy tiid in soad wie. De stêd lei op it eilân Strân, dat troch in twadde [[stoarmfloed]], de [[Buchardifloed]] ("Twadde Grutte Mandraeke") yn [[1634]] útinoar skuord waard. De eilannen [[Pelweerm]], [[Noardstrân]] [[Noardstrânmoar]] en [[Hamboarcherhallich|Hamboargerhallich]] wienen oerbleaune stikken fan dat eardere eilân. Rungholt lei earne tusken Pelweerm en Noardstrân.
 
Oer de ferdronken stêd Rungholt wurde ferskate [[sêge]]n en [[leginde]]s ferteld. Sa wurdt sein dat men op wynstille dagen noch altyd de tsjerkeklokken fan Rungholt ûnder wetter lieden hearre kin.