Peter Paul Rubens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
 
== Styl ==
De styl fan Rubens is sekuer te omskriuwen, hy hearde ommers ta de [[Antwerpske Skoalle]] út de iere [[17e ieuiuw]]. Rubens' oeuvre wurdt skaaimerke troch de triomfearjende [[Kontrareformaasje|kontrareformatoaryske]] barok. Rubens is nei alle gedachten de wichtichste fertsjintwurdiger fan de Flaamske barok, alhoewol't er dúdlik Italjaanske ynfloed ûndergien hat. Guon fan syn portretten hawwe wol wat fan it [[Absolute monargy|absolutisme]], mar in protte [[Ex voto|eks-voto's]] bliuwe dochs trou oan harren Flaamske aard.
 
Rubens krige in goede oplieding en wie in betûft fakman. Alles waard yn detail taret, in soad stúdzjes yn oaljeferve en tekeningen tsjûgje dêrfan. Ut de detaillearre sketsen dy't bewarre bleaun binne docht bliken dat Rubens syn wurk yn fasen ôfwurke. Sjoch ek: [[Oaljeskets]]