Jona (bibelboek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks, boarnen
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 36:
Underwilens stjoert God in grut seewêzen, in [[walfisk]], dy't Jona yn ien hap opslokt. Trije dagen en trije nachten bringt er dêrnei yn 'e bealch fan it bist troch. Hy kriget berou fan syn opstannigens en bidt om ferjouwing. Dêrop spijt de walfisk him út op in strân. Jona bejout him dan einlings nei Ninevé, dêr't er de hiele mânske stêd trochgiet mei syn profesije fan ferdylging. Dan giet er eastkant de stêd noflik sitten, en wachtet yn spanning ôf hoe't God Ninevé ferneatigje sil. Mar de ynwenners fan 'e stêd hawwe har Jona syn boadskip neinommen; se fêstje en dogge sekkeguod oan en toane berou, en roppe God mei ynmoed oan om ferjeffenis ôf te smeekjen. As God dat sjocht, betinkt er him en ferdylget de stêd net.
 
Jona wurdt dêr sa nidich om as tuorre. Hy ferwyt God dat er fiersten te rjochtfeardich en genedich is, en dat dit no krekt de reden is dat er syn opdracht earst net oannimme woe, om't er wol wist dat der dochs neat fan komme soe. Dêrop freget er God om him mar te deadzjen, dat er ferlost wêze mei fan dit weardeleaze eintsje libben. God lit dan yn ien nacht in wûnderbeam opkomme dy't Jona skaad jout foar de stekkende sinne; dêrop is Jona tankber en hâldt er op fan tsjineameljen. Mar de oare deis lit God in [[rûp]] komme dy't de beam oanfret dat er ferdroegetferdrûget en deagiet. Dan lit God in gleonhjitte eastewyn opsetten komme. Jona wurdt dan wer sa nidich as ien, en freget op 'e nij om mar fan it libben ferlost te wurden. Mar God set him teplak mei te sizzen dat as it Jona al om dat iene beamke begruttet, dêr't er sels neat oan dien hat, hoefolste mear sil it God dan net begrutsje om in stêd fan 120.000 ynwenners mei al harren fee?
 
==Fryske oersetting==