A Civil Campaign: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 42:
Ien dêrfan is bygelyks Miles syn kreaze, atletysk boude neef Ivan, en al is dat in resolute frijgesel dy't net serieus op 'e sneup is nei in houlikspartner, dochs sjocht Miles him as in bedriging mei't Ivan tige súksesfol yn 'e leafde is en de iene freondinne nei de oare ferslyt. Dêrom ûntfytmannet er him syn earewurd dat er Ekaterin gewurde litte sil. Fierders makket er Ekaterin, wa har grutte leafde túnarsjitektuer is, wiis dat er in liddich stik grûn hat dêr't er eins al jierren in tún hawwe wol en soe sy dy net foar him ûntwerpe kinne? It liket Miles in masterset ta: sa helpt er har op 'e gleed mei de karriêre fan har dreamen, wylst er har ûnderwilens wat jildlike stipe tastopje kin sûnder dat it leafdiedichheid liket en boppedat jout it him in ferlechje om har eltse dei te moetsjen en op dy manear de konkurrinsje foar te bliuwen.
 
Dy konkurrinsje komt trouwens al rillegau opsetten, want Ivan, dy't lulk is oer de wize wêrop't Miles him syn earewurd ôfhandich makke hat, lit op it haadkertier Operaasjes fan 'e Barrayareeske Striidkrêften, dêr't er wurket, hjir en dêr Ekaterin har namme falle yn it gehoar fan ofsieren dy't om in frou ferlegen sitte. Fral luitenant Alexi Vormoncrief, in droechbreadrûchbrea sûnder ienich ynlibbingsfermogen yn froulju, grypt dy kâns mei beide hannen oan en stjoert al gaueftich in ''baba'', in tradysjonele Barrayareeske keppelster, op Ekaterin ôf om harren houlik te beävensearjen — in útstel dat Ekaterin rislút fan 'e hân wiist.
 
Underwilens komme Miles syn [[kloan]]-broer Mark en dy syn freondinne Kareen Koudelka thús nei in jier studearre te hawwen op 'e progressive [[planeet]] Bêta Koloanje. Mark hat dêr njonken syn stúdzje teffens psychoterapy ûndergien (dy't op Barrayar net beskikber is) foar de mishannelings út syn jonkheid troch de Komarraanske terroristen dy't him grutbrocht hawwe (sjoch: ''[[Brothers in Arms (science fiction-roman)|Brothers in Arms]]''). Boppedat binne hy en Kareen dêr minners wurden. Mar hoewol't frije leafde op Bêta Koloanje hiel gewoan is, leit it op it konservative Barrayar, dêr't Kareen wer by har âldelju ynlûkt, noch hiel gefoelich. Kareen ûndekt fierders dat har heit en mem, better bekend as Kou en Drou, finansjeel oan 'e grûn sitte en net, sa't sy hope hie, bydrage kinne oan in folgjend stúdzjejier op Bêta Koloanje.