Eeltsje Hettinga: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
kt |
No edit summary |
||
Rigel 5:
== Dichter ==
Hettinga debutearre yn [[1987]] as dichter yn it literêre tydskrift [[Trotwaer]], in tydskrift wêryn't hy jierrenlang publisearje soe, krektas yn ûnder oare it blêd [[Hjir]]. Foar fjouwer fan syn fersen waard hy ûnderskieden mei in [[Rely Jorritsmapriis]] (yn 1988, 1991, 1994 en 1997). Ek waard in fers fan him opnomd yn de blomlêzing ''Spegel fan de Frysk poëzij fan de [[17e
Tegearre mei de taalkundige/dichter [[Eric Hoekstra]] publisearre Hettinga yn 2002 ûnder it [[pseudonym]] ''Hu-Thung-song'' in bondel gedichten yn Sineeske styl, ''Yn 'e fal fan 'e jûn''. Hettinga, troch sommigen wol beskôge as it ''enfant terrible'' fan de Fryske literatuer, sei oer dizze bondel: ''"Literatuer is foar in part ek in grap. Sels josels moatte jo sa no en dan foar gek sette"''.
|