Pest: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
→‎Skiednis: omstav.
Pierlala (oerlis | bydragen)
Werom sette fan ferzje 771647 fan Special:Contributions/PiefPafPier (Meidogger_oerlis:PiefPafPier) Weromset nei FA útlis
Rigel 8:
Der wurdt tocht dat de oarsprong fan de sykte yn [[Mongoalje]] leit. It is wis dat de earste syktegefallen yn Aazje lizze. Yn Jeropa waard de pest foar it earst fûn yn Itaalje, dêrnei ferspriede de sykte him mei de klok mei: [[Frankryk]], [[Spanje]], [[Ingelân]] yn [[1438]], [[Dútslân]], [[Noarwegen]] yn [[1349]], en as lêste [[Ruslân]] rûn[[1351]].
 
It oantal slachtoffers fan dizze pandemy wurdt roesdrûsd op likernôch 25 oant wol 40 miljoen. In grut oantal streken rekke folslein ûntfolke. In soad oerlibbenen flechte fuort en fersprate dêrmei de sykte noch fierder. Oere oerlibbenen wiene poerlilk op de [[Joaden]], dy’t yn folle mindere mate troch de sykte troffen waarden. Dit feroarsake de myte dat Joaden de pest opsetlik oer Jeropa brocht hienen, troch putten en boarnen te fergiftigjen. Organisearre [[pogroms]] wienen it gefolch.
 
Yn [[Nederlân]] kaam de pestepidemy oant de [[17e iuw]] foar. De lêste útbraak wie yn [[1668]]. Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] hat it [[Japan]]ske leger de pest as in biologysk wapen ynset. Yn [[Mantsjoerije]] waarden boargers en kriichsfinzenen opsetlik mei de sykte ynfektearre. De effekten waarden bestudearre en de slachtoffers waarden somtiden by bewustwêzen ûntlede. Ek waarden besmetlike flieën ûnder de [[Sina|Sinezen]] ferspriede. Dit soe oan mear as 200.000 Sinezen it libben kostje.