Skiekunde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
Rigel 6:
De klassike atoomteory is foar de skiekunde itselde as wat de klassike meganika fan Newton is foar de natuerkunde: It is in teory dy’t troch de lettere ûntjouwingen útwreide en oanpast is, mar dy’t foar in moai grut tal ferskynsels noch altyd in befredigjende ferklearring jout.
 
De ûntdekking fan ûnder oare de ferskynsels fan de [[elektrisiteit]] en de [[radio-aktiviteit]] yn de rin fan de njoggentjinde ieuiuw late yn it tiidrek fan rûchwei 1910-1940 ta de formulearring fan de [[moderne atoomteory]] en de [[kwantummeganika]]. Neffens de moderne atoomteory binne de atomen fan de klassike atoomteory opboud út wer lytsere dieltsjes mei de namme [[proton]], [[neutron]] en [[elektron]]. De kwantummeganika lit it idee los dat dy dieltsjes in dúdlik te bepalen plak en snelheid ha.
 
Neffens de [[dieltsjes-natuerkunde]] út de jierren santich fan de tweintichste ieuiuw binne der folle mear [[subatomêr dieltsje|subatomêre dieltsjes]] as allinne de trije fan de moderne atoomteory.
 
Skiekunde is sterk besibbe oan de [[natuerkunde]]. De tûke fan wittenskip dy’t beide ferbynt is de [[fysyske gemy]]. Ek mei oare natuerwittenskippen binne oan it grinsflak nije dissiplines ûntstien, lykas de [[biogemy]] en de [[geogemy]].