De Griene Ierde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red, kat
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 32:
[[File:Siouxland (Map).gif|left|thumb|180px|In lânkaart fan [[Siouxlân]], it dekôr fan ''De Griene Ierde''.]]
 
Diel 1, ''De Frou fan it Hûs'', giet oer it houlik fan Ada en Alfred; Diel 2 en 3, ''Koaningen fan it Hiem'' en ''It Lân fan de Ingels'', fertelle oer de jonkheid fan Free. It boek jout in ynkringend byld fan in Frysk ymmigrantefermidden yn Amearika oan it begjin fan 'e [[tweintichste ieuiuw]], fan it houlik fan syn âldelju, yn [[1909]], oant it ferstjerren fan syn mem, yn [[1929]]. It fêsthâlden oan it Fryskeigene en tagelyk it opgean yn 'e Amerikaanske kultuer wurdt beljochte, en ek it swiersettich [[kalvinisme]], oan 'e iene kant ferstikkend, oan 'e oare kant waarm en feilich, wurdt treflik beskreaun. It boek foarmet teffens in leafdefol portret fan Ada Engleking (eins Manfred syn eigen mem, Alice van Engen). Fierders komme ek it boerebedriuw en it boartsjen fan 'e bern yn en om 'e pleats op 't aljemint, krekt as Free syn muoisume relaasje mei syn heit, dy't mar net begripe kin dat syn soan syn siel en sillichheid net kwyt kin yn it buorkjen allinnich, of wat er altyd oan dat lêzen en skriuwen fynt. Manfred hat alles pas fyftich jier nei dato opskreaun, doe't er syn jonkheid geastlik ferarbeide hie en der sûnder wrok op weromsjen koe.
 
==Fryske oersetting==