De Puriteinske: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 26:
| ISBN oers. =
}}
'''''De Puriteinske''''', yn it [[Ingelsk]]: '''''The Puritan''''' (eins folút: ''The Puritan, or: The Widow of Watling Street'', en ek wol bekend as ''The Puritan Widow''), is in [[toanielstik]] fan ûnbekend auteurskip út it begjin fan 'e [[santjinde ieuiuw]], dat foar it earst publisearre waard yn [[1607]] en wierskynlik skreaun is yn [[1606]].
 
==Auteurskip==
Op 'e foarside fan 'e earste útjefte fan ''De Puriteinske'' waard de [[skriuwer]] oanjûn as "W.S.", en dy inisjalen waarden yn [[1656]] troch Edward Archer yn syn opsomming fan toanielstikken identifisearre as steand foar [[William Shakespeare]]. Yn [[1664]] waard ''De Puriteinske'' troch [[útjouwer]] [[Philip Chetwinde]] tafoege oan syn twadde printinge fan 'e saneamde ''Third Folio'' fan Shakespeare syn wurk, en sadwaande wurdt it stik tsjintwurdich ta de [[Shakespeariaanske apokrifa]] rekkene, ek al binne moderne saakkundigen frijwol unanym yn har ôfwizing fan Shakespeariaansk auteurskip foar ''De Puriteinske''.
 
Poer op grûn fan 'e inisjalen binne de obskuere ier santjinde-ieuskeiuwske toanielskriuwers [[Wentworth Smith]] en [[William Smith (toanielskriuwer)|William Smith]] wol neamd as de wiere auteur, mar út ûndersyk fan skriuwstyl en taaleigen is nei foarren kommen dat it stik nei alle gedachten ynstee skreaun is troch [[Thomas Middleton]].
 
==Ynhâld==