Eastersk-katolisisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
Rigel 1:
[[File:Eastern Catholic cemetery.jpg|thumb|250px|In eastersk-katolyk tsjerkhôf yn it noardeasten fan 'e [[Amerikaanske steaten|Amerikaanske steat]] [[Pennsylvania]], dêr't har oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw|njoggentjinde]] en it begjin fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] in protte eastersk-katoliken nei wenjen setten.]]
It '''eastersk-katolisisme''' is in streaming binnen it [[eastersk kristendom]] dy't opmakke is út in rige tsjerken fan sawol [[Tsjerke fan it Easten|nestoriaanske]], [[oriïntaalsk-otterdoksy|oriïntaalsk-otterdokse]] as [[eastersk-otterdoksy|eastersk-otterdokse]] synjatuer. Se foarmje [[skiednis|histoarysk]] noch [[teology]]sk in ienheid, en it iennichste dat al dy tsjerkgenoatskippen gemien hawwe, is dat se har as selsbestjoerende tsjerken mei behâld fan eigen eastersk-kristlike [[liturgy]], teology en earetsjinst weriene hawwe mei de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]], yn folsleine kommuny ferkeare mei de Roomsk-Katolike Tsjerke en it gesach fan 'e [[paus]] fan [[Rome (stêd)|Rome]] erkenne. Yn 'e measte gefallen giet it hjirby om ôfspjaltings fan nestoriaanske, oriïntaalsk-otterdokse en eastersk-otterdokse tsjerken, dy't njonken har fuortbesteane (lykas de [[Koptysk-Otterdokse Tsjerke]] njonken de [[Koptysk-Katolike Tsjerke]]). De eastersk-katolike tsjerken binne dan yn 'e regel (folle) lytser as de easterk-kristlike denominaasje dêr't se fan ôfspjalte binne. In útsûndering is de [[Maronityske Tsjerke]], dy't yn syn gehiel eastersk-katolyk is.