Library of Congress: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 25:
[[File:Thomas_Jefferson_Building_Aerial_by_Carol_M._Highsmith.jpg|right|thumb|250px|It ''Thomas Jefferson Building'', it haadgebou fan 'e ''Library of Congress''.]]
 
Under it bestjoer fan [[Herbert Putnam]], dy't fjirtich jier lang as direkteur oan it haad fan 'e ''Library of Congress'' stie, fan [[1899]] oant [[1939]], gie de útwreiding fluch fierder. Yn [[1901]] waard it oantal fan 1 miljoen boeken en oare foarwerpen berikt. Presidint [[Theodore Roosevelt]] furdige yn [[1903]] in dekreet út dat de papierren fan 'e ''[[Founding Fathers]]'', dy't oant doe ta beheard wiene troch it [[Amerikaansk Ministearje fan Bûtenlânske Saken]], oerdroegen wurde moasten oan 'e ''Library of Congress''. Yn [[1906]] waard de priveebibleteek fan in G.V. Judin oankocht, besteande út 80.000 [[Ruslân|Russyske]] boeken, en yn [[1908]] de Schatz-kolleksje, fan iere [[opera]][[libretto|libretto's]]. Mear fan sokke oankeapen folgen, wêrûnder dy fan samlingen fan [[HebrieuskHebriuwsk]]e, [[Sineesk]]e en [[Japansk]]e [[literatuer]], en yn 'e tritiger jierren de Russyske keizerlike kolleksje fan 2.600 boeken.
 
Hoewol't mei sokke oankeapen witwat jild muoid wie, wie de Amerikaanske polityk der net op tsjin. Krektoarsom, yn [[1929]] naam it Kongres sels it inisjatyf om foar $1,5 miljoen de kolleksje fan Otto Volbehr oan te skaffen, mei dêrûnder ien fan mar trije oerbleaune ûnskansearre eksimplaren fan 'e [[Johann Gutenberg|Gutenbergbibel]]. Uteinlik rekke troch it oanhâldende oanwinnen fan 'e kolleksje sels it nije gebou fol, nettsjinsteande útwreidings fan plankromte yn [[1910]] en [[1927]]. Yn [[1928]] kocht it Kongres deunby in perseel oan dêr't in bygebou oanlein waard, dat it ''[[John Adams Building]]'' kaam te hjitten. Om't de bou fertrage waard troch de [[Grutte Depresje]], waard it pas oplevere yn [[1938]] en iepene yn [[1939]].
Rigel 38:
 
==Hjoeddeistige kolleksje==
De kolleksje fan 'e ''Library of Congress'' omfettet mear as 32 miljoen katalogisearre boeken en oar printe materiaal yn 470 ûnderskate [[taal|talen]]; mear as 61 miljoen [[manuskript]]en; de grutste samling fan seldsume boeken yn [[Noard-Amearika]] (ynkl. de [[Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring]] en in [[Johann Gutenberg|Gutenbergbibel]]); mear as 1 miljoen publikaasjes fan 'e Amerikaanske oerheid; 1 miljoen eksimplaren fan [[krante]]n fan oer de hiele wrâld út in perioade fan trije ieuweniuwen; 33.000 ynbûne kranteboeken; 500.000 [[mikrofilm]]kes; mear as 120.000 [[stripferhaal|stripboeken]]; 5,3 miljoen [[lânkaart]]en; 6 miljoen wurken fan [[blêdmuzyk]]; 3 miljoen lûdsopnamen; mear as 14,7 miljoen tekeningen, printen en foto's (ynkl. [[keunst]]wurken en [[arsjitektuer|arsjitektoanyske]] [[blaudruk]]ken); alle Amerikaanske en in protte bûtenlânske [[film]]s dy't sûnt it begjin fan 'e [[tweintichste ieuiuw]] ferskynd binne (ynsafier't dy bewarre bleaun binne); en in ferskaat oan oare foarwerpen, lykas de al neamde Stradivarius-fioelen. Eltse dei arriviearje der rûchwei 22.000 nije boeken en oare Amerikaanske publikaasjes, en dêr komt alle bûtenlânske spul noch by.
[[File:Packard-campus-library-of-c.jpg|left|thumb|250px|De ''Packard Campus for Audio-Visual Conservation'', yn [[Firginia]].]]