Proto-Yndo-Jeropeesk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 13:
| ISO 639-3 =
}}
It '''Proto-Yndo-Jeropeesk''' is de [[oertaal]] dêr't alle [[Yndo-Jeropeeske talen]] (en útslutend de Yndo-Jeropeeske talen) op weromgeane. Foarhinne waard dizze [[taal]] ek wol '''Proto-Yndogermaansk''' neamt, mar yn 'e [[tweintichste ieuiuw]] is dy term besmodge rekke doe't de [[nazys]] dermei oan 'e haal giene foar harren [[ras (klassifikaasje fan minsken)|rasse]]-[[ideology]]. Der binne gjin skriftlike boarnen oerlevere fan dizze Yndo-Jeropeeske oertaal, mar op grûn fan yndirekt bewiismateriaal (d.w.s. troch de hjoeddeistige Yndo-Jeropeeske talen mei-inoar te ferlykjen) hawwe [[taalkundige]]n it Proto-Yndo-Jeropeesk dochs rekonstruëarje kinnen.
 
==Stúdzje==
It bestean fan it Proto-Yndo-Jeropeesk waard foar it earst útsteld yn 'e [[achttjinde ieuiuw]] troch [[William Jones (taalkundige)|sir William Jones]], in [[Grut-Brittanje|Britsk]] koloniaal amtner yn [[Britsk-Ynje]] dy't yn syn frije tiid mei [[taalkunde]] ompielde, en dêrby oerienkomsten opmurk tusken it [[Latyn]], it [[Aldgryksk]] en it [[Sanskryt]]. It ûndersyk nei it Proto-Yndo-Jeropeesk en syn direkte dochtertalen (lykas it [[Proto-Germaansk]]) hat in ûnbidich grutte ynfloed hân op 'e moderne taalkunde. It Proto-Yndo-Jeropeesk wie feitliken de earste rekonstruëarre proto-taal wêrfan't it histoaryske bestean yn taalkundige fermiddens algemien akseptearre waard.
 
Om't hast alle moderne talen fan [[Jeropa]] út it Proto-Yndo-Jeropeesk fuortkomme, is der nei dizze proto-taal folle mear ûndersyk dien as nei oare proto-talen, mei as gefolch dat it Proto-Yndo-Jeropeesk fierwei de bêst begrepen taal fan syn tiidrek is. It ûndersyk dernei foarme it grutste part fan it wurk dat yn 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] op taalkundich mêd ferrjochte waard, en de measte techniken oangeande [[taalkundige rekonstruksje]] en [[histoaryske taalkunde]] binne dêrby ûntwikkele. Tsjin [[1900]] wie de rekonstruksje fan it Proto-Yndo-Jeropeesk fierhinne foltôge, al binne der yn 'e [[tweintichste ieuiuw]] noch guon ferbetterings en ferfinings trochfierd, wêrfan't de measten te krijen hiene mei de ûntdekking fan (oerlevere teksten yn) 'e [[Anatoalyske talen]] en [[Tochaarske talen]], en de ynpassing fan dy beide taalgroepen yn 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje.
[[File:IE expansion.png|thumb|left|250px|De migraasjeweagen fan Yndo-Jeropeeske folken tusken 4.000 en 1.000 f.Kr., neffens de [[Kurgan-hypoteze]].]]
 
==Skiednis==
Saakkundigen geane der oer it algemien fan út dat it Proto-Yndo-Jeropeesk oarspronklik sprutsen waard yn 'e [[Koeban (regio)|Koeban]], it gebiet benoarden de [[Kaukasus]], en yn 'e oangrinzgjende [[Kaspyske Leechflakte]]. Dy kontreien wurde sadwaande foar de ''Urheimat'' (it oarspronklike wengebiet) fan 'e [[Yndo-Jeropeänen]] oanmurken. Dêrwei soene hja har fan it fjirde milennium f.Kr. ôf ferspraat hawwe oer [[Jeropa]], it [[Heine Easten]] en it [[Yndiaaske subkontinint]]. Dit wurdt de [[Kurgan-hypoteze]] neamd, en waard foar it earst foarsteld troch de [[Litouwen|Litousk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[argeologe]] [[Marija Gimbutas]], yn 'e jierren fyftich fan 'e [[tweintichste ieuiuw]]. Dêrby wurdt oannommen dat it tiidrek dat it Proto-Yndo-Jeropeesk sprutsen waard, oant rûchwei 3500 f.Kr. rûn, doe't dy taal útinoar foel yn in tsiental dochtertalen (lykas it [[Proto-Germaansk]] en it [[Proto-Keltysk]]) dêr't neitiid de ûnderskate Yndo-Jeropeeske taalkloften (lykas de [[Germaanske talen]] en de [[Keltyske talen]]) wer út fuortkamen.
 
Wannear't it Proto-Yndo-Jeropeesk sels ûntstien is, dat is noch altyd ûndúdlik, krekt as út hokker taal oft it ûntstien is. Dàt it it út in oare taal fuortkommen wêze moat, dat is wis, want gjin taal ûntstiet út it neat, dus ek Proto-Yndo-Jeropeesk net. De swierrichheid sit him deryn dat men dêrfoar safier werom yn 'e tiid moat, dat der gewoan gjin brûkbere bewizen te finen binne – itsij taalkundige, itsij argeologyske – om in teory te ûnderstypjen. Net dat wittenskippers har dêrtroch tsjinhâlde litten hawwe om teoryen te formulearjen. Sa oppenearre de [[Grut-Brittanje|Britske]] [[argeolooch]] [[Colin Renfrew]] yn [[1987]] syn [[Anatoalyske teory]], dy't hawwe wol dat de út it Proto-Yndo-Jeropeesk fuortkommen [[Yndo-Jeropeeske talen|Yndo-Jeropeeske taalfamylje]] en de útstoarne [[Anatoalyske talen|Anatoalyske taalkloft]] op ien hichte steane. Ornaris wurdt dy lêste [[taalgroep]], mei as wichtichste taal it [[Hettitysk]], dat yn 'e [[Aldheid]] yn [[Lyts-Aazje]] sprutsen waard, ýn 'e Yndo-Jeropeeske famylje pleatst, mar Renfrew hold út dat it hjir om in susterrelaasje gie ynstee fan om in mem-dochterrelaasje. De oertaal fan 'e beide kloften, dat dus de taal wêze soe dêr't it Proto-Yndo-Jeropeesk fan ôfstamme, neamde er it [[Proto-Yndo-Hettitysk]]. Refrew syn teory is lykwols fier fan algemien akseptearre.