Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 28:
De Súdlike Sjajinnen en Súdlike Arapaho waarden troch de Amerikaanske oerheid yn [[1867]] aparte reservaten tasein, mar de Súdlike Arapaho fûnen de lokaasje fan harren reservaat yn [[Kansas]] mar neat, en keazen ynstee foar in mienskiplik reservaat yn Oklahoma, it [[Sjajinne en Arapaho Yndianereservaat]], mei harren tradysjonele bûnsgenoaten, de Súdlike Sjajinnen. Under de [[Wet-Dawes]] waard yn [[1892]] alle reservaatlân dat net yndividueel eigendom wie, frijjûn foar [[kolonisaasje]] troch de blanken. Mei de [[Wet-Curtis fan 1898]] waarden alle Yndiaanske regearings yn Oklahoma opheft foarôfgeande oan it opnimmen yn 'e Amerikaanske Uny fan dat gebiet as in folweardige steat. Offisjeel hiet it dat Oklahoma oars sa'n soad reservaten hawwe soe, dat it ûnregearber wurde soe, mar eins wie it in ordinêr besykjen om 'e Yndianen te assimilearjen.
 
Yn 'e [[tweintichste ieuiuw]] kaam [[Washington, D.C.|Washington]] werom fan dat belied, mar tsjin dy tiid wie Oklahoma al in soevereine steat, en koe it nasjonaal regear Oklahoma net mear twinge om dy soevereiniteit werom te jaan oan 'e Yndianen. Likegoed besocht men manearen te finen om it wer wat goed te meitsjen, en in wichtige stap op dy wei wie it oannimmen fan 'e [[Oklahoma-Yndiaanske Wolwêzenswet]] fan [[1936]], dy't it begryp "eardere Yndiaanske reservaten yn Oklahoma" as in juridyske term yntrodusearre. Oan dy gebieten waarden tenei beskate foardielen takend dy't ek oan noch besteande reservaten tafoelen. As gefolch fan dizze wet koe yn [[1937]] de Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma oprjochte wurde, sûnder reservaat, mar mei as juridyske lânbasis it eardere Sjajinne- en Arapaho-reservaat.
 
==Keppelings om utens==