Twatsjettels: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[File:George Catlin, Ee-áh-sá-pa, Black Rock, a Two Kettle Chief, 1832, oil on canvas, Smithsonian American Art Museum.jpg|right|thumb|250px|E’asápa, in opperhaad fan 'e Twatsjettels, skildere yn [[1832]] troch [[George Catlin]].]]
De '''Twatsjettels''' ([[Ingelsk]]: ''Two Kettles'', útspr.: [tu: 'kɛɾəls]; [[Lakota (taal)|Lakota]]: ''O’óhenuŋpa'', útspr.: [o'ʔo:henũpa]) binne ien fan 'e sân substammen fan 'e [[Lakota (folk)|Lakota]] of Titon (''Teton''). Yn 'e mande mei de [[Dakota (folk)|Dakota]] foarmje de Lakota de gruttere [[etnyske groep]] fan 'e [[Sû (folk)|Sû]], in [[Yndianen|Yndiaanske]] konfederaasje dy't fan likernôch [[1730]] oant [[1880]] oardel ieuiuw lang it noardlike part fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]] behearske. De Sû binne ferneamd wurden om 'e oarloggen dy't se yn 'e twadde helte fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] mei it [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] leger útfochten, en dêr wiene de Twatsjettels ek by belutsen.
 
==Etymology==
Rigel 9:
 
==Demografy==
Hjoed de dei libje de Twatsjettels frijwol allegearre yn 'e [[Feriene Steaten]]. Hoefolle fan harren oft der persiis binne, is dreech te sizzen, mei't se sûnt de ein fan 'e njoggentjinde ieuiuw nea mear apart teld binne fan 'e oare Lakota. Mei trije oare Lakota-substammen, de Minnikonzjû, Sâns Arks en [[Swartfuotten (Lakota)|Swartfuotten]] (net te betiizjen mei it bekendere [[Algonkwynske talen|Algonkwynske]] folk fan 'e [[Swartfuotten (folk)|Swartfuotten]]), foarmje de Twatsjettels de [[list fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenning|federaal erkende]] [[Cheyenne River Sû Stamme]] (''Cheyenne River Sioux Tribe''), mei 16.000 leden. De stamme hat in eigen [[Yndianereservaat|reservaat]] yn 'e foarm fan it [[Cheyenne River Yndianereservaat]] (''Cheyenne River Indian Reservation'') yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Súd-Dakota]], dêr't in grut part fan 'e Twatsjettels tsjintwurdich noch altiten libbet.
 
{{boarnen|boarnefernijing=