De Alde Bosk: ferskil tusken ferzjes

Gjin feroaring yn grutte ,  6 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
L (Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q1843105)
No edit summary
'''De Alde Bosk''' is in [[natoergebiet]] benoarden [[Wynjewâld]] yn it easten fan Fryslân]].
 
DE Alde bosk waard ein njoggentjinde ieuiuw troch de famylje Lycklama à Nijeholt oanlein as produksjebosk. Dizze famylje hie ûnder mear grutte kompleksen heide en bosken om [[Duerswâldmer|Duerswâld]]. It gebiet makket wyls diel út fan it troch [[Steatsboskbehear]] beheard natoergebiet ''Keningsdjip''. It gebiet, dat yn de buert leit fan it rivierke de [[Boarn]], dat ek Alddjip of Keningsdjip neamd wurdt. Yn it noarden fan 't Oude Bosch leit de Frellefiver. It besteande marke<ref>Neffens de ynformaasje fan Steatsboskbehear wie dit marke oarspronklik in ''[[wiel]]'', foarme troch in dyktrochbrek fan it Keningsdjip.</ref> waard om 1900 yn opdracht fan frelle Eritia Ena Romelia Lycklama à Nijeholt (1845-1902)<ref>Eritia Ena Romelia wie in dochter fan jhr. [[Jan Anne Lycklama à Nijeholt]] en Ypkjen Hillegonda van Eysinga. Se wie net troud en bleau by har heit, dy't yn 1854 widner wurden wie, op it [[Lycklamahûs]] op [[De Sweach]] wenjen. Nei it ferstjerren fan har heit yn 1891 erfde hja it Lycklamahûs, dat yn 1971 yn gebrûk nommen waard troch de gemeente [[Opsterlân]] as gemeentehûs (boarne: Tresoar - Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum) - [http://www.archieven.nl/index.php/db?miview=inv2&mivast=0&mizig=210&miadt=36&micode=329-01&milang=nl&mizk_alle=Jan+Anne+Lycklama+à+Nijeholt Jan Anne Lycklama à Nijeholt Lycklamahuis te Beetsterzwaag])</ref> fergrutsje en ferfraaid ta in fiver. By de fiver liet se in teekoepel en in boatehûs oanlizze, sadat har gasten har ûntspanne koenen.
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
17.653

bewurkings