Ruth (bibelboek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
| oarspr. titel = רוּת ("Ruṯ")
| auteur = anonimus
| taal = [[HebrieuskHebriuwsk]]
| foarm = [[koart ferhaal]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = [[6e ieuiuw f. Kr.|6e]] – [[4e ieuiuw f. Kr.|4e ieuiuw f.Kr.]] (?)
| 1e publikaasje =
| 1e opfiering =
Rigel 26:
| ISBN oers. =
}}
'''''Ruth''''', yn it oarspronklike [[HebrieuskHebriuwsk]]: '''רוּת''', '''''Ruṯ''''', is in boek yn sawol de [[joadendom|joadske]] as de [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]. Yn 'e joadske ''[[Tenach]]'' falt it ûnder de ''Ḵeṯuḇim'', de ''Geskriften'', en is it it 14de boek (fan 24); yn it [[Alde Testamint]] fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder de ''Skiednis'' en is it (neffens de [[Nije Fryske Bibeloersetting]] fan [[1978]]) it 8ste boek (fan 39). Yn ''Ruth'' wurdt it ferhaal fan 'e jonge [[Moäbiten|Moäbityske]] widdo mei deselde namme ferteld, dy't har skoanmem folget werom nei it lân [[Israel (keninkryk)|Israel]] om dêr yn 'e fremdte ta te hâlden. De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''Ruth'', fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Adzer H. de Vries]], kaam yn [[1915]] út.
 
==Oarsprong en skriuwer==
Neffens de tradysje moat ''Ruth'' taskreaun wurde oan 'e [[profeet]] [[Samuël]], mar it is dúdlik dat dat ûnmooglik is, en de measte bibelwittenskippers en [[teolooch|teologen]] binne it der oer iens dat ''Ruth'' nei alle gedachten begûn is as in mûnling [[oerlevering|oerlevere]] ferhaal. Der bestiet sels in beskate spekulaasje ûnder de saakkundigen dat it mooglik skreaun (of úteinlik optekene) wêze kinne soe troch in frou. Wat it ûntstean derfan oanbelanget, dêroer rinne de mienings folle mear útinoar: de hiele skiednis fan it tiidrek fan 'e [[rjochter (bibelsk)|rjochters]] oant de [[hellenisme|hellenistyske perioade]] liket dêrfoar yn oanmerking te kommen, al datearje frijwat saakkundigen it yn it Perzyske tiidrek (de sechsde oant de fjirde ieuiuw f.Kr.). De [[geneälogy|geneälogyske]] tafoeging oan 'e ein miene de measten fan dat it in preesterlike tafoeging fan nei de [[Babyloanyske Ballingskip]] is, mei't it foar it eigentlike ferhaal hoegenamt net ta de saak docht.
 
==Ynhâld==