Sonnetten (Shakespeare): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 29:
 
== Eftergrûn ==
Oan 'e ein fan 'e sechstjinde en it begjin fan 'e santjinde ieuiuw wie it skriuwen fan in sonnettesyklus nei it foarbyld fan [[Francesco Petrarca|Petrarca]] syn ''Il Canzoniere'' in soarte fan raazje ûnder Ingelske dichters. Shakespeare syn sonnetten ûnderskiede har fan 'e measte oaren út dy tiid troch it rike ferskaat oan tematyk en de eigen foarm dy't er oanhold, fan it saneamde "Ingelske sonnet". Boppedat skeint Shakespeare wittens en mienens in grut tal regels foar sonnetten, dy't syn tiidgenoaten krekt strang neilibben. Sa boartet er mei de rollen dy't manlju en froulju tradysjoneel taparte waarden troch se om te draaien (nû. 20); neamt er minsklike sûnden dy't neat mei de leafde út te stean hawwe (nû. 66); leveret er kommentaar op politike foarfallen (nû. 124); driuwt er de spot mei de leafde (nû. 128) en mei skientme (nû. 130); sprekt er iepentlik oer seks (nû. 128); en brûkt er sels op humoristyske wize [[pornografy]]ske omskriuwings (nû. 151).
 
De ''Sonnetten'' waarden foar it earst publisearre yn 1609 troch [[útjouwer]] [[Thomas Thorpe]], ûnder de titel ''Shake-speares Sonnets: Never before imprinted'' (hoewol't twa sonnetten, nû. 138 en nû. 144, yn [[1599]] al ferskynd wiene as ûnderdiel 'e bondel ''The Passionate Pilgrim'', dat in [[rôfdruk]] wie). Ek it oan Shakespeare taskreaune langere gedicht ''A Lover's Complaint'', dat eins net ta de ''Sonnetten'' heart, waard troch Thorpe yn syn útjefte opnommen. Wat de folchoarder fan 'e ''Sonnetten'' oangiet, wurdt dy fan Thorpe syn publikaasje oanholden, hoewol't suver fêststiet dat dat net de oarspronklike fochoarder fan Shakespeare sels is.