St. Paul (Minnesota): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 24:
 
== Skiednis ==
De oanwêzigens fan grêfheuvels yn 'e omkriten fan St. Paul jout oan dat it gebiet likernôch 2.000 jier lyn bewenne waard troch minsken fan 'e [[Hopewell-kultuer]]. Fan 'e iere [[santjinde ieuiuw]] oant [[1837]], doe't hja twongen waarden de krite oer te dragen oan it Amerikaanske regear, wie it plak dêr't St. Paul no leit it wengebiet fan 'e [[Mdewakanton Dakota]], in stamme dy't ta it gruttere folkebûn fan 'e [[Sioux (folk)|Sioux]] heart. Hja neamden it ''I-mni-za ska dan'' ("lytse wite rots"), nei de bleatleine sânstiennene rivierkliffen.
 
Yn [[1803]] kaam Minnesota mei it hiele streamgebiet fan 'e Mississippy troch de saneamde [[Louisiana-oankeap]] (''Louisiana Purchase'') by de Feriene Steaten te hearren, en yn [[1819]] waard deunby [[Fort Snelling]] oanlein as in Amerikaanske legerbasis. Nei't de Dakota it gebiet yn [[1837]] opjaan moatten hiene, setten pelskeaplju, aventuerslju en sindelingen har nei wenjen yn 'e neite fan it fort, foar de feilichheid dy't dat harren bea. De measten fan dizze iere kolonisten wiene [[Frânsktalige Kanadezen]], wêrûnder in pelskeapman en drankstoker dy't fan [[Pierre Parrant]] hiet, byneamd "''L'Oeil du Cochon''" of yn it Ingelsk ''Pig's Eye'' ("Barge-each"). De man, dy't de pleatslike autoriteiten in stikel yn 'e foet wie, iepene yn 'e him ûntjaande delsetting in weardshûs dat ek fan ''L'Oeil du Cochon'' hiet, en al rillegau stie it plakje dêrnei bekend as Pig's Eye, wat noch wol brûkt wurdt as bynamme foar St. Paul.
Rigel 31:
 
[[Ofbyld:2006 WCHA Final Five.jpg|left|thumb|250px|In [[iishockey]]wedstryd yn it ''[[Xcel Energy Center]]''.]]
Yn 'e twadde helte fan 'e [[njoggentjinde ieuiuw]] fungearre St. Paul as de poarte ta de [[Amerikaanske frontier|''frontier'']] fan Minnesota en ta it [[Dakota-territoarium]], mei't it de lêste stêd oan 'e bopperin fan 'e Mississippy wie dy't de steamboaten noch oandwaan koene (om't de hege rivierkliffen de rivierwâlen streamop ûntagonklik makken). Yn dy snuorje stie de St. Paul ek wol bekend as "De Lêste Stêd fan it Easten". Op [[20 augustus]] [[1904]] rjochte slim [[swierwaar]], mank geand mei ferskate [[tornado|tornado's]], yn 'e binnenstêd fan St. Paul foar $1,8 miljoen (yn hjoeddeisk jild $45,5 miljoen) oan skea oan. Oan 'e ein fan 'e [[Fietnamoarloch|Fjetnamoarloch]], mids jierren santich, setten tsientûzenen [[Hmong (folk)|Hmong]]-flechtlingen út [[Fietnam|Fjetnam]] en [[Laos]] (dy't de Amerikanen yn 'e oarloch stipe hiene) harren nei wenjen yn St. Paul. Yn [[2004]] makken de Hmong 10% fan 'e befolking fan 'e stêd út.
 
== St. Paul hjoed de dei ==