Jeanne d'Arc: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 16:
De Ingelsken woene stomme graach har as [[heks]] en [[ketter]] delsette, om sadwaande it keningskip fan Karel VII te ûntkrêftsjen. Se brochten har yn febrewaris [[1431]] yn Rouen foar de [[Ynkwisysje]], de tsjerklike rjochtbank. Jeanne waard beskuldige fan it fuortrinnen út it âlderlik hûs, it ûntkennen fan de tsjerklike autoriteit (fanwege har kontakt mei God fia de stimmen), besykjen fan selsmoard (se hie besocht út de Boergonjeske finzenskip te ûntsnappen troch út in toer te springen), en it dragen fan manljusklean. Earst joech hja neat ta, mar nei driging mei [[Martelje|marteling]] luts se har ferklearring oer it hearren fan stimmen yn. Dêrnei waard de feroardiele ta [[libbenslange finzenisstraf]].
 
De Ingelsken wienen hjir net tefreden mei en wisten har mei in mûklist te ferlieden om yn de finzenis wer manljusklean te dragen. It proses waard dêrnei wer iepene. De rjochters konstatearren dat Jeanne wer yn oertreding wie en ferklearren har no ta ketter - in misdriuw dat ta de brânsteapel late. Op [[30 maaie]] [[1431]] waard se op de brânsteapel ferbaarnd op de âlde merk yn [[Rouen]]. Neidat se mienden dat se stoarn wie, waard it fjoer dôve en har diels ferkoalle lichem oan de omstanners toand, om sjen te litten dat se yndie in frou wie. Dêrnei waard it fjoer wer oanstutsen. Omstanners bewearden dat har hert net baarne woe. Har jiske waard yn de [[Seine (rivier)|Seine]] struid. (yn de 17e ieuiuw dûkte yn in apteek in potsje op dêr't ''Jeanne d'Arc'' op skreaun stie. Lange tiid waard oannomd dat dêr de oerbliuwsels fan Jeanne d'Arc yn sieten. De resten blykten lykwols fan in Egyptyske [[mummy]] te wêzen. Dat wie it resultaat fan in ûndersyk laat troch de Frânske forinsyske antropolooch Philippe Charlier, publisearre yn ''Nature'', april 2007. Hy ûndersocht stikjes bonke en linnen, dy't no eigendom binne fan it aartsbisdom [[Tours (Indre-et-Loire)|Tours]]. De tsjerke woe by de sillichferklearring yn 1909 hawwe dat it hast wis wie dat de oerbliuwsels wier fan Jeanne d'Arc wiene. Ferpolvere bonken fan mummy's waarden oant yn de 19e ieuiuw brûkt as medisyn, wat ferklearje kin dat dy oerbliuwsels yn in apteek fûn binne)
 
== Nei har dea ==
Rigel 28:
 
== Yn de keunsten ==
Har persoan en libben hat skriuwen troch de ieuweniuwen hinne ynspirearre, wêrûnder grutheden as [[William Shakespeare|Shakespeare]] (dy't har yn ''Henry VI'' as heks delsette), [[Voltaire]] (''La pucelle d'Orléans''), [[Friedrich von Schiller|Schiller]] (''Die Jungfrau von Orleans''), [[George Bernard Shaw]] (''Saint Joan''), [[Jean Anouilh]] (''L'Alouette''), [[Mark Twain]] (''Personal Recollections of Joan of Arc'') en [[Bertolt Brecht]] (''Die heilige Johanna der Schlachthöfe'').
 
Yn de byldzjende keunst wurdt se meastentiids útbylde as in man yn [[harnas]] dy't op in hynder sit. Der binne ek films oer har makke (sjoch de [[list fan films oer Jeanne d'Arc]]).