Keninkryk Kent: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 29 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q328818
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[File:British kingdoms c 800.svg|thumb|Brittanje om 800 hinne]]
It '''Keninkryk Kent''' (''Cent'' yn it [[Aldingelsk]], ''Cantia regnum'' yn it [[Latyn]]) wie in koloanje fan de [[Juten]] en letter in selstannich keninkryk yn wat no de regio Súd-east Ingelân is. It waard stifte op in ûnbekende datum yn de [[5e ieuiuw]] troch Juten dy’t nei it weromlûken fan de [[Romeinen]] kamen. It wie ien fan de tradysjonele keninkriken fan de saneamde [[heptargy]], mar it ferlear syn ûnôfhinklikens yn de [[8e ieuiuw]], doe’t it in sub-keninkryk fan [[Mercia]] waard. Yn de [[9e ieuiuw]] waard it in sub-keninkryk fan [[Wesseks]] en yn de 10e ieuiuw waard in part fan it ferienige [[Keninkryk Ingelân]] dat ûnder lieding fan Wesseks skept wie. Syn namme is sûnt bewarre bleaun yn dat fan it greefskip [[Kent]].
 
==Romeinsk-Britsk Ceint==
Rigel 14:
"Cantware" betsjut "lju dy’t yn Kent wenje".
[[Ethelbert fan Kent|Aethelberht]], dy’t om [[600]] hinne regearde, is wierskylik de meast bekende kening fan Kent. Hy wurdt neamd as [[bretwalda]], neffens de boarnen hâldt dat yn dat syn 'imperium' (opperkening oer oare keningen) hiel súd-Ingelân (besuden de rivier [[Humber]]) omfieme. Tige wichtich is ek dat er de earste Agelsaksyske kening waard dy’t him ta it [[Kristendom]] bekearde. Dit waard dien troch [[Augustinus fan Canterbury|Augustinus]], dy’t yn [[598]] mei 40 muontsen yn Kent oankaam. Augustinus waard [[aartsbiskop fan Canterbury]], en ek [[Rochester]] waard in biskopssit. De oanwêzigens fan in aartsbiskop makke Kent yn de neikommende ieuweniuwen wichtiger dan’t it faaks oars west hawwe soe.
 
Hoewol’t de neikommende keningen net mear de macht berikten dy’t Aethelberht hie, bleau it oant [[685]] in ûnôfhinklike en machtige steat. Under [[Withred fan Kent|Withred]] ([[694]]-[[725]]) gie it wol wer better, mar syn soannen [[Ethelbert II fan Kent|Aethelberht II]] (kening fan east-Kent oant 762) en [[Aedbert II fan Kent|Eadberht II]] (kening van west-Kent oant 748) moasten sa it liket de oerhearskippij fan [[Ethelbald fan Mercia|Aethelbald]] fan [[Mercia]] erkenne.