Muiden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Muiden het slot en de Flevopolder.jpg|thumb|260px|''Muiden en it Muiderslot. Yn de eftergrûn de [[Flevopolder]].]]
[[Ofbyld:Muiderslot 010.jpg|thumb|260px|''It Muiderslot mei grientetún'']]
[[Ofbyld:muiden.jpg|thumb|260px|''17e ieuskeiuwske plattegrûn fan Muiden troch [[Matthaeus Merian]].]]
'''Muiden''' iis in stêd en gemeente yn de provinsje [[Noard-Hollân]]. De gemeente bestiet út it festingstedsje Muiden, it [[brinkdoarp]] [[Muiderberg]] en it [[buorskip]] [[Hakkelaarsbrug]]. It hat 3000 ynwenners en in oerflak fan 36,51 km² (wêrfan 22,06 km² wetter). It grutte persintaazje wetteroerflak komt net allinnich troch de haven fan Muiden mar ek trochdat de gemeentegrins trochrint oer it wetter yn de [[IJmar]].
== It besjen wurdich ==
* De herfoarme tsjerke is in [[Gotyk|goatysk]] gebou mei in let-[[romaanse arsjitektuer|romaanse]] toer. Elke jûn om 21.00 oere liedet de klok fan de Nederlânske Herfoarme tsjerke. Dit gebrûk stamt noch út de tiid dat Muiden stedspoarten hie. De klok waard lieden foardat de poarten tichtgienen, as teken foar de bewenners om nei hûs ta te gean foar it jûnsmiel. Faak ieten in soad minsken jûns brij, fandêr de namme "brijklok" (papklok).
* It [[Muiderslot]], in yn goede steat ferkearend MidsieuskMidsiuwsk [[kastiel]], dat mei bekend wurden is troch syn bouhear [[Floris V fan Hollân|greve Floris V]] en de [[Muiderkring]] om [[Pieter Corneliszoon Hooft]].
* It [[Mûzefort]]
* It eilân [[Pampus (eilân)|Pampus]]
Rigel 19:
== De seeslûs ==
[[Ofbyld:Muiden slûs 79.JPG|thumb|right|300px|''Slûs'']]
Nei in ieuiuw om'e nocht ûnderhanneljen tusken Holân en Utert wie der noch gjin oeriemkomst om in nije slûs oan de mûning fan de [[Utertske Fecht|Fecht]] yn Muiden oan te lizzen. De Fecht wie foar Utert in wichtige ferbining mei de [[Sudersee]]. De âlde slûs by [[Hinderdam]], ± 5 kilometer lânynwerts, wie yn 1437 oanlein en stie ûnder kontrole fan Utert. Yn 1672 grypte Hollân har kâns; Utert wie beset troch it Frânske leger en mei de bou fan de slûs yn Muiden waard starten.
 
De slûs hie trije primêre funksjes, nammentlik: (1) in [[skutslûs]] foar it skipfeartferkear tusken Sudersee en Fecht, (2) de ferdigening fan it lân tsjin de Sudersee as lêste (3) in militêre funksje. Muiden makke ûnderdiel út fan de [[Hollânske Wetterliny]]. Yn gefal fan [[inundaasje]]s wie de behearsking fan ynlitten fan Suderseewetter essinsjeel. De slûs foarkaam ek it weistromen fan it wetter út de gebieten stroomopwerts dy't ûnder wetter setten wienen.
Rigel 31:
[[Ofbyld:Muiden Mûzefort 86.JPG|thumb|right|300px|''Mûzefort'']]
[[Ofbyld:Muiden festing 85.JPG|thumb|right|300px|''kazerne'']]
De earste ferdigeningswurken fan Muiden datearje út de earste helte fan de 15e ieuiuw. Yn [[1590]] waarden de muorren ferfongen troch ierden wâlen mei [[bastion]]s nei ûntwerp fan [[Adriaen Anthonisz]]. Ek it [[Muiderslot]] krige in eigen omwâling wêrby't de [[foarburcht]] fan it Muiderslot wegens romtegebrek sloopt wurde moast. As reaksje op de ûntwikkelingen op it gebiet fan oarlochsfiering, waard nei de [[Frâns-Dútse oarloch]] ([[1870]]-[[1871]]) de festing wer modernisearre. It trasee fan de festingwâl waard feroare en der waarden in oantal bakstiennen, bomfrije, ûnderkommens setten. Markante foarbylden hjirfan binne de [[kazerne]] oan it Festingplein, it [[Mûzefort]] (neamd nei mûsgrize soldateunifoarmen) - in yn in [[ravelijn]] ynboude capponière [[kazemat]] - en de holle bear.
 
De bear is in daam yn de festinggrêft dy't it sâlte Suderseewetter fan it swiete wetter yn de grêft skiede moat. Sokke bouwurken komme mear foar by festingstêden, mar dizze is unyk omdat dizze bear in gong mei sjitgatten hat fan wêrút in inundaasjeslûs iepensetten wurde koe. Foar it Muiderslot oer, oan de oare kant fan de Fecht, stiet de Westbatterij. Dizze fortifikaasje is fan 1868 en bestiet út in lyts toerfort mei dêrfoar in batterij yn it dyklichem.
Rigel 42:
Yn in polder ten noarden fan de trekfeart nei [[Diemen]], justjes ten westen fan de beboude kom fan Muiden, waard tusken 1702 en 2004 [[buskrûd]] makke. It fabryk wie bekend ûnder de namme buskrûdmole, De Krijgsman en sûnt 1972 as [[Muiden Chemie]].
 
De bou fan de buskrûdmole yn 1702 wie it gefolch fan de ferdriuwing fan de gefaarlike krûdproduksje út de stêd [[Amsterdam]]. De [[froedskip]] fan Muiden ferliende yn dat jier in fergunning oan de Amsterdammer Reinier van Cuyk om op it grûngebiet fan de gemeente in krûdmole te bouwen. Yn de rin fan de ieuweniuwen fûnen in soad Muidenaren wurk yn it fabryk. Yn de [[Earste Wrâldoarloch]] florearde it fabryk. Yn 1919 waard it fabryk likwidearre, mar yn 1922 waard de produksje wer oppakt.
 
Geandewei de 20e ieuiuw waard de skeal fan de produksje grutter en groeide it stedsje nei it fabryk ta. Slachtoffers en skea yn Muiden by ûntploffingen soargen hieltiten mear ta protest fan de Muidenaren. Soargen oer de feilichheid wienen dan ek de wichtichste oarsaak fan de sluting yn 2004.
 
Yn de jierren 1980 waard it fabryk fertocht fan yllegale krûdleveringen oan [[Irak]]. Neidat dy leveringen ferbean waarden en de krûdmerk ynstoarte, gie it fabryk yn 1990 fallyt. Yn 1991 waard it fabryk oernomd en weriepene troch it Britske Royal Ordnance, in ûnderdiel fan British Aerospace. Nei in brân yn 2001 waard besletten ta definitive sluting.