Angelsaksyske ynvaazje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: By '''De Angelsaksyske ynvaazje''' krongen by de folksferhuzing yn de 5e ieu Angelen út Sleeswyk-Holstein en Saksen fan tusken Elbe en Weser Noard-Nederlân binnen. Dat...
 
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
By '''De Angelsaksyske ynvaazje''' krongen by de folksferhuzing yn de [[5e ieuiuw]] Angelen út [[Sleeswyk-Holstein]] en Saksen fan tusken [[Elbe]] en [[Weser]] Noard-Nederlân binnen.
 
Dat se hjir wenne hawwe blykt út grêffjilden yn [[Hegebeintum]], [[Bitgum]] en [[Ferwert]]. It diggelguod dat ûnder oare [[Pieter Catharinus Johannes Albertus Boeles|Boeles]] as bewiismateriaal brûkt wiist heechút op ymportbeweging en hannelsferbinings. Der soene miskyn technysk-politike oerwichtsferhâldingen út opmakke wurde kinne. Britsk-Romeinske ynfloed op it Angelsaksyske ierdewurk is der wol. Dit potguod wurdt allinnich yn grutte terpen oan de kust fûn, dêr't ek de hannelskontakten mei Ingelân wienen. It waard brûkt as brânurn en wie kostber. Ek de ymport út it Rynlân waard sadanich brûkt.
 
It is ûnwis hoefolle emigranten hjir bleaun binne en hoefolle fierder teagen nei Ingelân. It ienichste dat op in ynvaazje wize koe is it brûken fan in minderheid om de deaden te ferbaarnen. De Friezen begroeven oant dy tiid de deaden. De kremasjes binne yn de rin fan de [[7e ieuiuw|7e]] en [[8e ieuiuw]] wer ferdwûn. Yn de tiid fan de folksferhuzing, doe't dus de kremaasje en it begraving yn de rjochting noard-súd neist inoar foarkamen fine wy beide foarmen fan [[deadenkultus]] troch elkoar, soms yn ien grêffjild yn in selde perioade. Wylst Boeles mient dat der gjin Anglo-Fryske kultuer ûntstien is, bestride oaren lykas [[Pieter Sipma]] dit.
 
{{boarnen|boarnefernijing=