Hollandsche Rading: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 3 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q2455732 (translate me)
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
'''Hollandsche Rading''' is in doarp yn de gemeente [[De Bilt (gemeente)|De Bilt]], yn de provinsje [[Utert (provinsje)|Utert]]. Op 1 jannewaris 2003 hie Hollandsche Rading 1424 ynwenners.
 
Rading hat de betsjutting fan [[raai (line)|raai]]ing, dat line of grins betsjut. De namme ferwiist nei de eartiidse striidkwestje oer de grins tusken Hollân en Utert. Benammen de grins om [[It Goai]] wie yn de midsieuwenmidsiuwen oanlieding foar meardere oarloggen.
Yn 1719 bliek it needsaaklik de grins fan [[Iemnes]] oant [[Loosdrecht]] mei stiennen grinspeallen oan te jaan. Dy monumintale peallen steane no noch oan de Vuursche Dreef.
 
It doarp leit oan it spoar fan Utert nei [[Hilfertsom]] en hat in stasjon ( stasjon Hollandsche Rading). It stasjon is unyk, omdat it yn twa provinsjes leit. De perrons lizze skean foar elkoar oer mei in spoaroergong der tuskenyn: oan de noardkant dêrfan rint de grins tusken Noar-Hollân- en Utert. De kearn Hollandsche Rading is de jongste fan de eardere gemeente Maartensdyk en ûntstie nei de jierren tweintich fan de foarrige ieuiuw.
 
Oan 1930 wie it benammen heidegebiet mei in pear ferspraat lizzende pleatsen en wat arbeidershúskes. Sûnt 1930 binne de huzen oan de hjoeddeiske leanen boud, faak foar Ald-Ynjegongers. Der ûntstie in kearn mei in soad winkeltsjes, dy't no ferdwûn binne. De kaam in halte oan it spoar en der kamen in protte toeristen.