Omar Sharif: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 18:
==Libben en karriêre==
===Jonkheid en oplieding===
Omar Sharif waard yn [[1932]] berne yn 'e [[Egypte|Egyptyske]] [[haven]]stêd [[Aleksandrië]], as Michel Demitri Chalhoub, yn in [[Melkityske Gryksk-Katolike Tsjerke|melkitysk Gryksk-katolyk]] gesin fan [[Libanon|Libaneesk]] komôf. Syn heit, Joseph Chalhoub, wie in foaroansteand keapman yn djoere [[hout]]soarten dy't oarspronklik út [[Zahlé (Libanon)|Zahlé]] kaam en koart nei de ieuwikseliuwwiksel nei Egypte [[emigraasje|emigrearre]] wie. Doe't Sharif fjouwer jier wie, ferhuze it gesin nei de Egyptyske haadstêd [[Kaïro]], dêr't er fierder opgroeide. Syn mem, Claire Sa'ada, waard dêr in bekend gastfrou foar de hegerein, en kening [[Farûk fan Egypte|Farûk]] kaam oant syn ôfsetting yn [[1952]] geregeldwei by de Chalhoubs oer de flier.
 
Sharif learde oan it [[Fiktoariakolleezje (Aleksandrië)|Fiktoariakolleezje]] yn Aleksandrië, dêr't syn talint foar [[taal|talen]] oan it ljocht kaam, en letter oan 'e [[Universiteit fan Kaïro]], dêr't er ôfstudearre yn [[wiskunde|wis]]- en [[natuerkunde]]. Dêrnei wurke er ferskate jierren foar syn heite ûndernimming, oant dy yn [[1952]] yn 'e swierrichheden kaam troch [[nasjonalisaasje]]s en oare beheinings fan 'e frije hannel doe't yn Egypte de [[republyk]] útroppen waard en [[Gamal Abdel Nasser]] oan it bewâld kaam. Sharif teach dêrop nei [[Londen]], dêr't er in [[aktearjen|aktearoplieding]] foalge oan 'e ''[[Royal Academy of Dramatic Art]]''. Hy feroare yn namme yn "Omar Sharif" doe't er him yn [[1955]] ta de [[islaam]] bekearde om mei aktrise [[Faten Hamama]] trouwe te kinnen.