Untdekking fan Hawaï: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[File:Tereoboo,_King_of_Owyhee,_bringing_presents_to_Captain_Cook_by_John_Webber.jpg|right|thumb|300px|[[Kalani‘ōpu‘u]], de kening fan it eilân [[Hawaï (eilân)|Hawaï]], bringt geskinken oan [[James Cook]].]]
De konsensus ûnder [[skiedkundige]]n is noch altyd dat de '''ûntdekking fan Hawaï''' yn [[1778]] plakfûn, doe't de [[Grut-Brittanje|Britske]] [[ûntdekkingsreizger]] [[James Cook]] de [[Hawaï-eilannen]] besocht en se nei syn oerhearrige en opdrachtjouwer de Sandwicheilannen neamde. Cook kaam in jier letter om by in twadde besyk oan 'e [[arsjipel]]. Der besteane lykwols sterke, mar min dokumintearre oanwizings dat it eins de [[Spanje]]rts wiene, dy't de eilannen al yn 'e [[sechstjinde ieuiuw]] ûntdieken.
 
==In Spaanke ûntdekking?==
It hat wol kâns dat [[Spanje|Spaanske]] seefarders de [[Hawaï-eilannen]] al yn 'e [[sechstjinde ieuiuw]] besochten, twahûndert jier foar de offisjele ûntdekking fan 'e arsjipel. Yn [[1542]] fierde [[Ruy López de Villalobos]] it befel oer in float dy't fan [[Acapulco]] yn [[Nij-Spanje]] (it lettere [[Meksiko]]) nei de [[Filipinen]] fear, mei de [[seeman]] [[Juan Gaetano]] as [[loads (berop)|loads]]. Underweis soene hja by in groep eilannen lâns syld wêze. Ofhinklik fan 'e ynterpretaasje fan 'e oerlevere reisbeskriuwing moatte dat òf de [[Hawaï-eilannen]], òf de [[Marshalleilannen]] west hawwe. As it de Hawaï-eilannen wiene, soe Gaetano de ûntdekker fan 'e arsjipel neamd wurde kinne, mar troch de breklike dokumintearring wurdt dit foarfal troch de measte [[histoarikus|histoarisy]] fansiden skood.
 
==De ûntdekking fan Hawaï troch James Cook==