Fezzan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
→‎Skiednis: korr. kepp.
Rigel 30:
 
==Skiednis==
Fan 'e [[5e iuw f. Kr.|fyfde iuw f. Kr.]] oant de [[5e iuw|fyfde iuw n. Kr.]] foarme de Fezzan it sintrum fan it [[Garamantyske Ryk]], in [[Berbers|Berber]]steat dy't bestie fan 'e trochfier fan hannelswaar fia de [[Transsaharahannel|Transsaharaanske karafaanrûtes]] fan [[Kartago]] en it [[Romeinske Ryk]] yn it noarden nei de [[Sahel]]steaten besuden de [[Sahara]] en oarsom. Yn [[19 f. Kr.]] en [[50|50 n. Kr.]] fierden de Romeinske legeroersten [[Septimus Flakkus]] en [[Suëtonius Paulinus]] lytsskalige militêre ekspedysjes út yn 'e Sahara en nei de Sahel ta, en fanôf de fjildtocht fan Paulinus wie it Garamantyske Ryk sadwaande in pear iuwen lang in [[fazalsteat]] fan it Romeinske Ryk, oant dat begûn ôf te broazeljen. De úteinlike ynstoarting fan it Romeinske Ryk om [[400]] hinne hie jammerdearlike gefolgen foar de Transsaharahannel, en fan gefolgen strûpte doe úteinlings ek it Garamantyske Ryk derûnder, dat it ommers fan dy hannel hawwe moast.
[[File:Murzuq - Festung Qala at Turk, Moschee.jpg|right|thumb|300px|De fêsting en [[moskee]] fan [[Murzuk]].]]