De Hûn fan 'e Baskervilles: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
ynfoboks |
No edit summary |
||
Rigel 31:
Doyle skreau ''The Hound of the Baskervilles'' koart nei't er weromkeard wie út [[Súd-Afrika]], dêr't er yn [[1900]] ûnder de [[Twadde Boere-oarloch]] as frijwillige dokter yn in Britsk militêr fjildhospitaal wurke hie. It idee foar it boek krige er oanrikt troch [[Bertram Fletcher Robinson]] ([[1870]]-[[1907]]), in tritichjierrige [[sjoernalist]] fan 'e ''[[Daily Express]]'', dy't him de leginde fan Richard Cabell trochdie.
Cabell, waans tombe noch altyd yn it Devoanske doarpke [[Buckfastleigh]] stiet, wie in plattelânsjonker dy't yn 'e [[santjinde
[[File:Fox Tor.jpg|thumb|left|300px|Fox Tor, op [[Dartmoor]]. Dit ôfwikseljend sompige en rotsige [[heide]]gebiet brûkte [[Arthur Conan Doyle|sir Arthur Conan Doyle]] as dekôr foar syn [[roman]] ''The Hound of the Baskervilles''.]]
==Ynhâld==
Sir Charles Baskerville wurdt dea fûn op it hiem fan syn lânhûs, ''Baskerville Hall'', oan 'e râne fan Dartmoor, yn Devon. De oarsaak blykt in [[hertoanfal]] te wêzen, mar Baskerville syn [[dokter]] en freon James Mortimer fermoedet dat der mear efter sit, fral as er de poatleasten fan in ûnbidich grutte hûn by it lyk ûntdekt. Hy sit sa yn noed om sir Henry Baskerville, de omkesizzer en iennichste libbene erfgenamt fan 'e ferstoarne, dy't oerkomt út [[Kanada]] om syn beërf yn besit te nimmen, dat er nei [[Londen]] ta reizget en Sherlock Holmes ynskeakelet. Mortimer fertelt Holmes en dy syn trouwe assistint dokter John Watson oer in pleatslike leginde, dy't hawwe wol dat der in flok op it laach fan 'e Baskervilles rêst. It giet allegear werom op harren poerminne, [[santjinde
As sir Henry yn Londen oankomt, wurdt der daliks al in bryfke yn syn hotelkeamer ôflevere dat him warskôget om by Dartmoor wei te bliuwen. Holmes stelt fêst dat it troch frou stjoerd wêze moat. Fierdersoan rekket ien fan sir Henry syn nije learzens wei, en dûkt dan wer op wylst der tagelyk ien fan syn âlde learzens ferdwynt. Holmes makket dêrút op dat der in libbene hûn yn 't spul is, mei't de lears perfoarst brûkt wurde sil om it bist sir Henry syn geur te jaan (de nije lears, dêr't syn lucht noch net oan siet, wie foar dat doel ûnbrûkber). As dan ek noch bliken docht dat sir Henry folge wurdt troch in fertocht hearskip, kriget Holmes almar mear belangstelling foar de saak. Earst wurdt tocht dat de efterfolger miskien Barrymore, de butler fan ''Baskerville Hall'', wêze kinne soe, mar tillegrafyske kommunikaasje stelt fêst dat dy noch yn Devon is.
|