Himelfeart fan Jesaja: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 9:
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = ein [[1e ieuiuw]] – 2e helte [[2e ieuiuw]]
}}
De '''''Himelfeart fan Jesaja''''' is in [[religy|religieus]] geskrift, besibbe oan it [[Alde Testamint]] fan 'e [[Bibel]], dat no algemien as [[apokryf]] beskôge wurdt, al makket it al sûnt minskewitten diel út fan 'e Etiopysk-otterdokse tradysje, en besteane der oanwizings dat it oarspronklik ta de [[kanon]] fan 'e [[Etiopysk-Otterdokse Tsjerke]] rekkene waard. De tekst is in [[pseudepigraaf]] ûnder de namme fan 'e âldtestamintyske [[profeet]] [[Jesaja (profeet)|Jesaja]]. Der bestiet ûnder bibelwittenskippers en [[teolooch|teologen]] ûnienichheid oangeande de datearring: rûzings dêrfan rinne útinoar fan 'e ein fan 'e [[earste ieuiuw]] oant de twadde helte fan 'e [[twadde ieuiuw]]. Ek is men der noch net oer út oft it no in folslein [[kristendom|kristlik]] geskrift is, of dat it earste diel, it ''Martelderskip fan Jesaja'', in fan oarsprong [[joadendom|joadske]] tekst is dy't letter in kristlike redigearring ûndergien hat. De earste teory hat mear oanhingers.
 
==Oerlevering==
De ''Himelfeart fan Jesaja'' is yn syn gehiel oerlevere yn trije hânskriften út 'e perioade fan 'e [[fyftjinde ieuiuw|fyftjinde]] oant de [[achttjinde ieuiuw]] yn it [[Ge'ez]], de [[deade taal|deade]] [[tsjerketaal]] fan [[Etioopje]]. Fan [[Gryksk]]e, [[Koptysk]]e, [[Latyn]]ske en [[Aldtsjerkeslavysk]]e ferzjes binne inkeld fragminten bewarre bleaun. De tekst falt útinoar yn trije dielen: it ''Martelderskip fan Jesaja'', it ''Testamint fan Hizkía'' en it ''Fizioen fan Jesaja''. Yn 'e regel giet men derfan út dat alletrije oarspronklik yn it Gryksk skreaun wiene, hoewol't it mooglik is dat it ''Martelderskip fan Jesaja'' basearre is op in [[HebrieuskHebriuwsk]]- of [[Arameesk]]talich orizjineel. De tsjintwurdich algemien brûkte titel de "Himelfeart fan Jesaja" is in letterlike oersetting fan 'e namme wêrmei't yn 'e Etiopyske tradysje nei de tekst ferwiisd wurdt: ኤርጋታ ዒሳዬያስ, ''’Ērgātā ‘Īsāyēyās''. Yn 'e [[Aldheid]] neamden [[Epifanius fan Salamis|Epifanius]] en [[Hieronymus fan Stridon|Hieronymus]] it yn it Gryksk (Τὸ Αναβατικὸν Ἡσαΐου, ''To Anabatikon Isaiou''), resp. Latyn (''Ascensio Isaiæ'') krekt sa.
 
==Ynhâld==