Styfmem Ierde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 27:
}}
 
'''''Styfmem Ierde''''', yn it oarspronklike [[Nederlânsk]]: '''''Stiefmoeder Aarde''''', is in [[roman]] fan 'e yn [[Feanwâlden]] berne [[Fryslân|Fryske]] [[skriuwer]] [[Theun de Vries]] ([[1907]]-[[2005]]). It fertelt it ferhaal fan 'e Fryske boerefamylje Wiarda, dy't oan 'e ein fan 'e njoggentjinde ieuiuw syn wei fine moat yn feroarjende tiden. ''Styfmem Ierde'' waard foar it earst útjûn yn [[1936]] en wie daliks in bestseller. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Jan de Jong (oersetter)|Jan de Jong]] ferskynde yn [[1994]].
 
==Eftergrûn==
''Styfmem Ierde'' is in poer [[naturalisme|naturalistyske]] roman: it boadskip fan it ferhaal is dat de libbensrin fan ûnderskate minsken folslein bepaald wurdt troch komôf en maatskiplik fermidden. De Vries fersêftet sok fatalistysk gedachteguod lykwols troch der in alternatyf naturalisme fan eigen makkelei foaroer te pleatsen: troch de natoer fan styfmem ierde kin in elk, ynsafier't men dêrfoar iepenstiet, úteinlik dochs in beskate steat fan loksilligens fine. In oar ferskil mei de grutte naturalistyske wurken fan 'e njoggentjinde ieuiuw is dat De Vries de [[ympresjonisme|ympresjonistyske]] ferteltechnyk dêrfan mijt en ynstee syn ferhaal mear de foarm fan in dramatysk [[epos]] jout.
 
==Ynhâld==
''Styfmem Ierde'' omfettet in prolooch en sân "boeken", en spilet yn Fryslân, yn 'e lêste helte fan 'e njoggentjinde ieuiuw. Wychman Tsjallings Wiarda is in grutboer op klaai, dy't as in tiran regearret oer syn gesin. Hy en syn frou Swobk Jarichs Hoornstra hawwe twa soannen, Jarich en Tsjalling, en in dochter, Tet, dy't mei de Bilkert Wibe Kuiken troud is.
{{Plotbedjer}}
Wychman syn libben feroaret op in dei folslein as er troch syn skoansoan Wibe foar "âlde" fersliten wurdt. Foartiid beskôge er himsels hielendal net as sadanich, mar fan dy tiid ôf begjint er him âld te fielen. As er koarte tiid letter troch syn soan Jarich yn it iepenbier delslein en foar gek set wurdt, hinget er himsels yn 'e skuorreed op oan in bynt. Net folle letter komt ek syn widdo Swobk te ferstjerren en dan bliuwe de beide soannen Tsjalling en Jarich tegearre op 'e pleats efter. Se reitsje allebeide fereale op itselde fanke, Welmoed Volbeda, mar Tsjalling freget har it earst om mei him nei it doarpsfeest. Jarich kin dat net ferdrage en út oergeunstigens feroarsaket er nei ôfrin fan it feest in ûngemak om wraak te nimmen op syn broer en dy syn faam. Hy riidt harren fan 'e dyk ôf, dat har beide sjeazen oer de kop fleane. Tsjalling en Jarich oerlibje it, mar Welmoed net. Fanwegen syn eigen koppige wegering om te praten wurdt Jarich dêrop ta fyftjin jier tichthússtraf feroardiele.